Oargellânskip Eastfryslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Side makke mei "{{Wurk}} 400px|thumb|Lokaasje fan oargels yn Eastfryslân It '''Oargellânskip Eastfryslân''' is mei likernôch 90 oargels út seis iuwen ien fan de rykste oargellânskippen yn de wrâld. Dy oargels steane yn 170 âlde tsjerken troch Eastfryslân hinne. 60 dêrfan kome fan de tiid foar 1850. Yn de fyftjinde en sechtjinde iuw wie de Nederlânske oargelbou fan grutte ynfloed op dy fan Eastfryslân, mar yn de santjinde e..."
 
No edit summary
Rigel 1:
{{Wurk}}
[[Ofbyld:Ostfriesland Orgellandschaft.svg|400px|thumb|Lokaasje fan oargels yn Eastfryslân]]
It '''Oargellânskip Eastfryslân''' is mei likernôch 90 [[oargel]]s út seis iuwen ien fan de rykste oargellânskippen yn de wrâld. Dy oargels steane yn 170 âlde tsjerken troch [[Eastfryslân]] hinne. 60 dêrfan kome fan de tiid foar [[1850]]. Yn de fyftjinde en sechtjinde iuw wie de Nederlânske oargelbou fan grutte ynfloed op dy fan Eastfryslân, mar yn de santjinde en achttjinde iuw kamen der mear ynfloeden út [[Hamburch]] en [[Westfalen (streek)|Westfalen]] wei. De Eastfryske oargelbou fan de njoggentjinde iuw wie oant [[1870]] noch reedlik konservatyf en de ynstruminten waarden nei grûnbegjinsels fan [[barok (styl)|barokke styl]] boud. Tusken 1870 en 1950 waarden der yn ferhêlding in bytsje oargels boud, en waarden de âlde oargels noch hieltyd brûkt. Hast alle oargels waarden yn de lêste fyftich jier restaurearre, sa't it oargellûd yn de oarspronklike steat opholpen waard. Yn de lêste desenniums naam de belangstelling tige ta en lûkt it Oargellânskip Eastfryslân oargelbouwers en organisten út de hiele wrâld weioan.
 
== Skiednis ==
=== Fyftjinde iuw ===
Al yn de snuorje fan de lette [[gotyk]] wie der yn [[Eastfryslân]] en de [[Ommelannen]] in rike oargelkultuer. Ut skriftlike boarnen wei is der oer tsien oargels yn de twadde helte fan de [[fyftjinde iuw]] allinnich yn [[Krummhörn]] bekend. Ien fan de âldste oargels yn de wrâld is yn [[Rysum]] en wurdt noch hieltyd brûkt. Hy komt mooglik út [[1440]] en waard mooglik troch master Harmannus út [[Grins (stêd)|Grins]], dy't ek ferbûn is oan de oargel fan de [[Martinytsjerke (Grins)|Martinystsjerke]] yn Grins, boud. De Rysumers betellen lywols yn natuera, ynstee fan mei jild, sa't it yn de ''Cronica der Fresen'' fan [[Eggerik Beninga]] stiet dat se "grouwe kij" (''vette beesten'') oer de [[Doalert]], dy't tichtferzen wie, nei Grins ta dreaune:
 
:''“datt se ere vette beeste aver de Eemse na Gröninghen muchten laten schepen, darmede se ere schulde muchten betalen to Gröningen, wegen des örgels, datt se daer hadden maken laten.”''
{{Aut|Eggerik Beninga}} ''Cronica der Fresen''
 
== Sechtjinde en santjinde iuw ===
Yn de sechtinde en santjinde iuw hie de Nederlânske en Hamburchske oargelbou grutte ynfloed op dy fan Eastfryslân. [[Emden]] wie yn dy snuorje it sintrum fan de Eastfryske oargelbou, ek omreden troch Nederlânske grifformearden dy't yn de [[Tachtichjierrige Kriich]] dêrhinne flechten. Petrus fan Emden boude yn [[1570]] in oargel foar [[Groothusen]].
Kostber is de lette [[renêssânse]]-oargel fan de [[Werenfridustsjerke (Osteel)|Werenfridustsjerke]] fan [[Osteel]] dy't noch ien fan de bêst bewarre oargels fan [[Noard-Dútslân]] is. Hy waard boud troch [[Edo Evers]] (1619) fan Grins, dy't de pipen fan de âlde Andreas de Mare-oargel (1566/67) út de [[Liudgertsjerke (Norden)|Liugertsjerke]] fan [[Norden]] brûkt hat.
 
Mei syn krêftich lûd waard de oargel fan [[Westerhusen]] troch [[Jost Sieburg]] (1642/43) spesjaal foar it sterke gesang foar de tsjerke ûntwurpen. Yn [[1641]] waard de oargelbegelieding foar it sjongen yn de tsjerke yn Eastfryslân ynfierd. Foarhinne waard der sûnder begelieding songen en hie it oargel allinnich in liturgyske funksje en waard yn gruttere tsjerken brûkt foar de wiksel fan it koar.
 
De oargel yn de [[Grutte Tsjerke (Lier)|Grutte Tsjerke]] fan [[Lier (stêd)|Lier]] giet werom op it oargel fan it [[Kleaster Thedinga]], dy't mooglik yn [[1570]] troch [[Andreas de Mare]] boud waard. Doe't greve Enno III it oargel oan de evangelysk-grifformearde gemeente yn Lier yn [[1609]] skonken hie, boude [[Marten de Mare]] him foar de âlde Liudgertsjerke yn in renêssânse-ynstrumint om. Troch de jierren hinne waard it oargel ta in grut stedsoargel omboud, wylst it âlde [[Register (oargel)|register]] net feroare waard.
 
Wa't de oargel yn [[Uttum]] om 1660 hinne boud hat is net bekend. Dat oargel is in tsjûgenis fan de bloei fan de Nederlânske oargelbou yn de lette Renêssânse. It haadregister klinkt tige fokaal, wylst de oare registers ferskate oare lûden jouwe. In part fan de pipen is noch de oarspronklike dy't út de sechtjinde iuw stammet. [[Joachim Richborn]], de wichtichste oargelbouwer út de tiid foar [[Arp Schnitger]] om [[1700]] hinne hat de oargels yn [[Berdum]] (1677) en [[Buttforde]] (1681) boud. De oargel yn Buttforde is hast folslein yn de oarspronklike foarm bewarre bleaun. Ek de oargel fan [[Pilsum]] (1694), dy't troch oargelbouwer [[Valentin Ulrich Grotianus]] út [[Auwerk (stêd)|Auwerk]] boud waard, is fan grutte wearde. Oar wurk fan Grotianus stiet yn [[Petkum]] (1694-1699), [[Bernsersiel]] (1696) en [[Stedesdorf]] (1696). Fan [[Joachim Keyser]] út [[Jever]], dy't de oargel fan [[Hohenkirchen]] (1694) boud hat, is dy fan [[Eilsum]] (1710) dêr't de oarspronklike prospekt (foarkant) en de kast fan bewarre bleaun binne.
 
Mei [[Arp Schnitger]] hat de barokke oargelbou yn Noard-Jeropa syn hichtepunt berikt. Hy hat ek yn Eastfryslân syn spoaren efterlitten. Yn Norden (1686-1693) stiet Schnitger syn twadgrutte wurk yn Dútslân, en is mei 46 registers tagelyk it grutste oargel fan Eastfryslân. Acht registers dy't Schnitger fan de âlde oargel fan Edo Evers (1618) brûkt hat, binne noch hieltyd bewarre bleaun en binne noch fan bysûndere kwaliteit. Fan de oargel yn de [[Joaristsjerke (Weener)|Joaristsjerke]] fan [[Weener]] binne der noch seis oarspronklike registers fan Schnitger oer. De oargels fan Schnitger yn de Luthertsjerke yn [[Lier (stêd)|Lier]], en yn [[Wittmund (stêd)|Wittmund]] en [[Rastede]] waarden letter troch nijen ferfongen.