Oargellânskip Eastfryslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 18:
De oargel yn de [[Grutte Tsjerke (Lier)|Grutte Tsjerke]] fan [[Lier (stêd)|Lier]] giet werom op it oargel fan it [[Kleaster Thedinga]], dy't mooglik yn [[1570]] troch [[Andreas de Mare]] boud waard. Doe't greve Enno III it oargel oan de evangelysk-grifformearde gemeente yn Lier yn [[1609]] skonken hie, boude [[Marten de Mare]] him foar de âlde Liudgertsjerke yn in renêssânse-ynstrumint om. Troch de jierren hinne waard it oargel ta in grut stedsoargel omboud, wylst it âlde [[Register (oargel)|register]] net feroare waard.
 
Wa't de oargel yn [[Uttum]] om 1660 hinne boud hat is net bekend. Dat oargel is in tsjûgenis fan de bloei fan de Nederlânske oargelbou yn de lette Renêssânse. It haadregister klinkt tige fokaal, wylst de oare registers ferskate oare lûden jouwe. In part fan de pipen is noch de oarspronklike dy't út de sechtjinde iuw stammet. [[Joachim Richborn]], de wichtichste oargelbouwer út de tiid foar [[Arp Schnitger]] om [[1700]] hinne hat de oargels yn [[Berdum]] (1677) en [[Buttforde]] (1681) boud. De oargel yn Buttforde is hast folslein yn de oarspronklike foarm bewarre bleaun. Ek de oargel fan [[Pilsum]] (1694), dy't troch oargelbouwer [[Valentin Ulrich Grotianus]] út [[Auwerk (stêd)|Auwerk]] boud waard, is fan grutte wearde. Oar wurk fan Grotianus stiet yn [[Petkum]] (1694-1699), [[BernsersielBensersiel]] (1696) en [[Stedesdorf]] (1696). Fan [[Joachim Keyser]] út [[Jever]], dy't de oargel fan [[Hohenkirchen]] (1694) boud hat, is dy fan [[Eilsum]] (1710) dêr't de oarspronklike prospekt (foarkant) en de kast fan bewarre bleaun binne.
 
Mei [[Arp Schnitger]] hat de barokke oargelbou yn Noard-Jeropa syn hichtepunt berikt. Hy hat ek yn Eastfryslân syn spoaren efterlitten. Yn Norden (1686-1693) stiet Schnitger syn twadgrutte wurk yn Dútslân, en is mei 46 registers tagelyk it grutste oargel fan Eastfryslân. Acht registers dy't Schnitger fan de âlde oargel fan Edo Evers (1618) brûkt hat, binne noch hieltyd bewarre bleaun en binne noch fan bysûndere kwaliteit. Fan de oargel yn de [[Joaristsjerke (Weener)|Joaristsjerke]] fan [[Weener]] binne der noch seis oarspronklike registers fan Schnitger oer. De oargels fan Schnitger yn de Luthertsjerke yn [[Lier (stêd)|Lier]], en yn [[Wittmund (stêd)|Wittmund]] en [[Rastede]] waarden letter troch nijen ferfongen. De Nederlânske ynfloed op de Eastfryske oargelbou naam yn dy tiid ek ôf.
 
=== Achttjinde iuw ===
Fan Schnitger syn studinten hawwe yn Eastfryslân Christian Vater (1721-1722 yn [[Bockhorn]] en 1730-1731 yn [[Wiefelstede]]) en Gerhard von Holy (1710-1711 yn [[Dornum]] en 1711-1713 yn [[Marienhafe]]) oargels boud. Ek fan Friedrich Constabel (1738) is der noch in inkelde ynstrumint oer. De oargel waard ynearsten foar [[Bargebur]] boud, mar stie fan 1864 oant 1967 yn [[Hamswehrum]], en waard dêrnei nei syn hjoeddeistige plak yn [[Jennelt]] brocht. Syn oargel yn [[Greetsiel]] (1738) waard yn 1914 foar in nij ynstrumint ferfongen, mar de oarspronklike oargelkast stiet der noch hieltyd. Yn 1760 sette Constabel noch útein mei de bou fan in nij oargel yn [[Funnix]], mar waard yn 1762 reemakke troch Hinrich Just Müller, dy't fan oarsprong út Westfalen kaam. Yn de twadde helte fan de achttjinde iuw wiene Müller út Wittmund en Johann Friedrich Wenthin út Emden tige warber mei de oargelbou yn Eastfryslân en waarden grutte konkurrinten. Wenthin syn oargel yn [[Groothusen]] (1798-1801) is it grutste oargel yn [[Krummhörn]]. Wenthin hat dêr gâns nije registers mei gâns nije lûden útfûn en in Jeropeesk keunstmonumint makke. Nijsgjirrich binne de fluitregisters út mahony en benammen de dwersfluit fan acht, fjouwer en trije fuotmjitten. Oare oargels fan Wenthin dy't fan 1774 oant 1805 yn Eastfryslân makke waarden, binne dy yn [[Backemoor]] (1783), [[Reepsholt]] (1788-1789) en yn [[Wolthusen]] (1790-1793). Fan Müller, dy't yn mear as 50 gemeenten wurke hat, binne de oargels fan [[Midlum (Reiderlân)|Midlum]] (1766), [[Holtrop]] (1772), [[Nortmoor]] (1773-1775), [[Simonswolde]] (1777), [[Manslagt]] (1776-1778), [[Carolinensiel]] (1780-1781), [[Remels]] (1782), [[Middels]] (1784-1786), [[Neermoor]] (1796-1798) en [[Woquard]] (1802-1804). Christian Klausing ([[Herford]] yn Westfalen) hat in oargel yn [[Ochtersum]] (1734-1737) levere, dêr't de Westfaalske ynfloed op de Eastfryske oargelbou by te sjen is. Dirk Lohman út Emden hat in oargel yn [[Hage (Auwerk)|Hage]] (1776-1783) boud en dêrfoar in pear registers út de santjinde eiuw brûkt. Fan Heinrch Wilhelm Eckmann binne der oargels yn [[Amdorf (Detern)|Amdorf]] (1773) en [[Bagband]] (1774-1775).