Oargellânskip Eastfryslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 12:
 
=== Sechtjinde en santjinde iuw ===
[[Ofbyld:Osteel Orgel.jpg|180px|thumb|Oargel fan Osteel]]
[[Ofbyld:8072676 Westerhusen Orgel.jpg|180px|thumb|Oargel fan Westerhusen]]
[[Ofbyld:Uttum Orgel.jpg|180px|thumb|Oargel fan Uttum]]
Yn de sechtinde en santjinde iuw hie de Nederlânske en Hamburchske oargelbou grutte ynfloed op dy fan Eastfryslân. [[Emden]] wie yn dy snuorje it sintrum fan de Eastfryske oargelbou, ek omreden troch Nederlânske grifformearden dy't yn de [[Tachtichjierrige Kriich]] dêrhinne flechten. Petrus fan Emden boude yn [[1570]] in oargel foar [[Groothusen]].
Kostber is de lette [[renêssânse]]-oargel fan de [[Werenfridustsjerke (Osteel)|Werenfridustsjerke]] fan [[Osteel]] dy't noch ien fan de bêst bewarre oargels fan [[Noard-Dútslân]] is. Hy waard boud troch [[Edo Evers]] (1619) fan Grins, dy't de pipen fan de âlde Andreas de Mare-oargel (1566/67) út de [[Liudgertsjerke (Norden)|Liugertsjerke]] fan [[Norden]] brûkt hat.
Line 24 ⟶ 27:
 
=== Achttjinde iuw ===
[[Ofbyld:2009 07 Norden Ludgerikirche Arp-Schnitger-Orgel.JPG|180px|thumb|Schnitger-oargel yn Norden]]
Fan Schnitger syn learlingen hawwe yn Eastfryslân Christian Vater (1721-1722 yn [[Bockhorn]] en 1730-1731 yn [[Wiefelstede]]) en Gerhard von Holy (1710-1711 yn [[Dornum]] en 1711-1713 yn [[Marienhafe]]) oargels boud. Ek fan Friedrich Constabel (1738) is der noch in inkelde ynstrumint oer. De oargel waard ynearsten foar [[Bargebur]] boud, mar stie fan 1864 oant 1967 yn [[Hamswehrum]], en waard dêrnei nei syn hjoeddeistige plak yn [[Jennelt]] brocht. Syn oargel yn [[Greetsiel]] (1738) waard yn 1914 foar in nij ynstrumint ferfongen, mar de oarspronklike oargelkast stiet der noch hieltyd. Yn 1760 sette Constabel noch útein mei de bou fan in nij oargel yn [[Funnix]], mar waard yn 1762 reemakke troch Hinrich Just Müller, dy't fan oarsprong út Westfalen kaam. Yn de twadde helte fan de achttjinde iuw wiene Müller út Wittmund en Johann Friedrich Wenthin út Emden tige warber mei de oargelbou yn Eastfryslân en waarden grutte konkurrinten. Wenthin syn oargel yn [[Groothusen]] (1798-1801) is it grutste oargel yn [[Krummhörn]]. Wenthin hat dêr gâns nije registers mei gâns nije lûden útfûn en in Jeropeesk keunstmonumint makke. Nijsgjirrich binne de fluitregisters út mahony en benammen de dwersfluit fan acht, fjouwer en trije fuotmjitten. Oare oargels fan Wenthin dy't fan 1774 oant 1805 yn Eastfryslân makke waarden, binne dy yn [[Backemoor]] (1783), [[Reepsholt]] (1788-1789) en yn [[Wolthusen]] (1790-1793). Fan Müller, dy't yn mear as 50 gemeenten wurke hat, binne de oargels fan [[Midlum (Reiderlân)|Midlum]] (1766), [[Holtrop]] (1772), [[Nortmoor]] (1773-1775), [[Simonswolde]] (1777), [[Manslagt]] (1776-1778), [[Carolinensiel]] (1780-1781), [[Remels]] (1782), [[Middels]] (1784-1786), [[Neermoor]] (1796-1798) en [[Woquard]] (1802-1804). Christian Klausing ([[Herford]] yn Westfalen) hat in oargel yn [[Ochtersum]] (1734-1737) levere, dêr't de Westfaalske ynfloed op de Eastfryske oargelbou by te sjen is. Dirk Lohman út Emden hat in oargel yn [[Hage (Auwerk)|Hage]] (1776-1783) boud en dêrfoar in pear registers út de santjinde eiuw brûkt. Fan Heinrch Wilhelm Eckmann binne der oargels yn [[Amdorf (Detern)|Amdorf]] (1773) en [[Bagband]] (1774-1775).
 
=== Njoggentjinde iuw oant hjoed-de-dei ===
[[Ofbyld:Orgel altreformierte Kirche Bunde (Front).JPG|180px|thumb|Führer-oargel yn Bunde]]
De wichtichste Eastfryske oargelbouwer yn de earste helte fan de njoggentjinde iuw wie Müller syn learling Johann Gottfried Rohlfs, dy't yn 60 gemeenten yn Eastfryslân warber wie, en in famyljebedriuw stifte hie. Fan him binne de oargels yn [[Bangstede]] (1794-1795), de [[Kristustsjerke (Norden)|Kristustsjerke]] yn [[Norden]] (1796-1797), [[Neustadtgödens]] (1796-1798), [[Barstede]] (1801), [[Veenhusen]] (1801-1802), [[Holtland]] (1810-1813), [[Nüttermoor]] (1815-1816), [[Wiesens]] (1820-1822), [[Böhmerwold]] (1828) en [[Roggenstede]] (1827-1833) te finen. It grutste oargel fan syn soan Arnold Rohlfs stiet yn de Magnustsjerke fan [[Esens]] (1848-1860), dy't ek de oargels fan [[Westerholt]] (1841-1842) en [[Siegelsum]] (1842-1845) boud hat. Yn de njoggentjinde iuw wiene der njonken Rohlfs de famyljebedriuwen fan Wilhelm Eilert Schmid en Gerd Sieben Janssen warber yn Eastfryslân, dochs dy koene net ta it nivo fan Müller en Wenthin mjitte. Janssen (Auwerk) learde de oargelbou by Rohlfs en sette de barokke grûnbegjinsels fan de oargelbou fuort. Mei it ombouwen fan de Larrelter oargel brûkte er guon âlde registers fan it foargongersoargel fan Johannes Millensis (1618-1619), en dêrtroch binne de oarspronklike renêssânse-lûden noch hieltyd te hearren.
 
Line 32 ⟶ 37:
 
== Iepenstellen foar it publyk ==
[[Ofbyld:Organeum2.JPG|180px|thumb|[[Organeum]] yn Weener]]
In wichtige oandriuwing foar it befoarderjen fan it Oargellânskip wiene it Doalert-Festval (1981-2003) en it wurk fan de [[Noarddútske Oargelakademy]] (fan 1977 ôf yn de [[Stins Bunderhee]] yn [[Bunderhee]], hjoed-de-dei ferbûn mei de Hegeskoalle foar Keunsten yn Bremen), dy't beide troch Harald Vogel stifte en laat waarden. Fia Radio- en CD-opnamen en oare publikaasjes binne de Eastfryske oargels wrâldwiid bekend wurden en organisten oargelbouwers út gâns de wrâld oanlutsen. Hjoed-de-dei is it [[Organeum]] yn [[Weener]] it wichtichste oargelsintrum foar it ûndersyk en it fuortsterkjen fan de regionale oargelkultuer en biedt njonken konserten en oargelekskursjes en jout de moooglikheid ta wittenskiplik organologysk ûndersyk.
 
Elts jier wurde der yn de Liudgertsjerke yn Norden, de Luthertsjerke en de Grutte Tsjerke yn Lier, de Joaristsjerke yn Weener en yn Dornum konsertrigen holden. Sûnt 2001 waard de ''Krummhörner Orgelfrühling'' oprjochte. Ek yn it ramt fan de ''Musikalischer Sommer in Ostfriesland'' fine konserten plak.
 
== Keppeling om utens ==
* [http://www.nomine.net/Orgeln-Ostfriesland Historische Orgeln in Ostfriesland.] NOMINE e. V.
* [http://www.ostfriesland.de/mein-ostfriesland/sehenswuerdigkeiten/kirchen-und-orgeln.html Kirchen und Orgeln] ostfriesland.de
* [https://www.youtube.com/watch?v=vUPS0SaC9_c Klangbeispiel Rysum: Orgel mit Glocke], [[Conrad Paumann]]: ''Redeuntes in mi'' út it ''Buxheimer Orgelbuch'' mei [[Harald Vogel]]
 
== Literatuer ==
* Winfried Dahlke: ''Orgelland Ostfriesland''. Yn:'' Klangjuwelen''. Band 2, 2020, S. 23–30.
* Cornelius H. Edskes: ''Der Orgelbau im Ems-Dollart-Gebiet in Gotik und Renaissance''. Yn: ''Ostfriesland. Zeitschrift für Kultur, Wirtschaft und Verkehr''. Nr. 2, 1978, S. 29–33.
* Cornelius H. Edskes:'' Orgelbau in Ostfriesland heute''. Yn: ''Ostfriesland. Zeitschrift für Kultur, Wirtschaft und Verkehr''. Nr. 2, 1978, S. 33–34.
* Cleveland Johnson: ''Ems-Dollart Region''. Yn: Douglas E. Bush, Richard Kassel (Hrsg.): The Organ. An Encyclopedia. Routledge, New York, London 2006, ISBN 0-415-94174-1, S. 170–172 (online).
* Walter Kaufmann: ''Die Orgeln Ostfrieslands''. [[Ostfriesische Landschaft]], Auwerk 1968.
* Walter Kaufmann: ''Oldenburg – Ostfriesland. Zur zweiundzwanzigsten Internationalen Orgeltagung vom 29. Juli bis zum 3. August 1974''. Yn: Ars Organi. Band 22, Nr. 44, 1974, S. 1952–1958.
* Uda von der Nahmer: ''Windgesang. Orgeln, Wind und Verwandte. Ostfriesische Landschaftliche Verlags- und Vertriebsgesellschaft'', Auwerk 2008, ISBN 978-3-940601-03-2.
* Ralph Nickles: ''Orgelinventar der Krummhörn und der Stadt Emden''. Hauschild Verlag, Bremen 1995, ISBN 3-929902-62-1.
* Ibo Ortgies: ''Die Praxis der Orgelstimmung in Norddeutschland im 17. und 18. Jahrhundert und ihr Verhältnis zur zeitgenössischen Musikpraxis''. Göteborgs universitet, Göteborg 2007 (gbv.de [PDF; 5,4 MB] Erstausgabe: 2004).
* Ibo Ortgies: ''Von den alten Orgeln: Die Orgellandschaft Ostfrieslands. Eine Einführung''. Yn: Concerto. Band 5, VI/7–8, 1988, S. 12–18.
* Fritz Schild: ''Denkmal-Orgeln. Dokumentation der Restaurierung durch Orgelbau Führer 1974–1991''. Florian Noetzel, Wilhelmshaven 2005, ISBN 978-3-7959-0862-1 (2 Teile: Backmoor-Groothusen, Hage-Wiesens).
* Fritz Schild: ''Orgelatlas der historischen und modernen Orgeln der Evangelisch-Lutherischen Kirche in Oldenburg''. Noetzel, Wilhelmshaven 2008, ISBN 3-7959-0894-9.
* Harald Vogel, Günter Lade, Nicola Borger-Keweloh: ''Orgeln in Niedersachsen''. Hauschild, Bremen 1997, ISBN 3-931785-50-5.
* Harald Vogel, Reinhard Ruge, Robert Noah, Martin Stromann: ''Orgellandschaft Ostfriesland''. 2. Auflage. Soltau-Kurier-Norden, Norden 1997, ISBN 3-928327-19-4.
* Harald Vogel, Reinhard Ruge, Stef Tuinstra: ''Wegweiser zu den Orgeln der Ems-Dollart-Region''. 2. Auflage. Rautenberg, Lier 1992.
 
== Opnamen ==
* ''Die Ahrend-Orgel der Lutherkirche zu Leer''. 2005. Amb 96869 (Wolfgang Zerer)
* Dietrich Buxtehude: ''Orgelwerke''. Vol. 5. 1993. MD+G L 3425 (Harald Vogel yn Pilsum, Buttforde, Langwarden, Basedow, Groß Eichsen).
* ''Harald Vogel spielt 12 Orgeln in Ostfriesland''. Edition Falkenberger. 2017, ISBN 978-3-95494-136-0 (wurk fan C. Paumann, J.P. Sweelinck, H. Scheidemann, G. Böhm, C.P.E. Bach)
* ''Die Holy-Orgel der Marienkirche zu Marienhafe''. 2001. Amb 97829 (Martin Böcker).
* ''Les plus belles orgues''. 1994. Analekta Classics, AN 28216-7, 2 CD (Antoine Bouchard yn Rysum, Osteel, Steinkirchen, Mittelnkirchen, Ganderkesee, Westerhusen, Dedesdorf).
* ''Orgelland Ostfriesland''. 1989. Deutsche Harmonia Mundi, HM 939-2 (Harald Vogel yn Norden, Uttum, Rysum, Westerhusen, Marienhafe, Weener).
* ''Orgellandschaften''. Folge 4: ''Eine musikalische Reise zu acht Orgeln der Region Ostfriesland (Teil 1)''. 2013, NOMINE e. V., LC 18240 (Thiemo Janssen yn Rysum, Osteel, Westerhusen, Marienhafe, Dornum und Agnes Luchterhandt in Uttum, Pilsum, Norden)
* ''Orgellandschaften''. Folge 6: ''Eine musikalische Reise zu acht Orgeln der Region Ostfriesland (Teil 2)''. 2 CDs, 2016, NOMINE e. V. (Winfried Dahlke yn Buttforde, Weener, Esens, Groothusen, Midlum, Böhmerwold, Manslagt, en Backemoor mei wurk fan J.S. Bach, D. Buxtehude, G. Böhm, J.L. Krebs, J.A. Holzmann, C.P.E. Bach, F. Mendelssohn û. o.).
* ''Orgeln in Ostfrieslan''d. Vol. 1. 1996. Organeum OC-09601 (Harald Vogel yn Osteel, Buttforde, Neermoor, Veenhusen, Groothusen).
* ''Orgeln in Ostfriesland''. Vol. 2. 1997. Organeum OC-09602 (Harald Vogel yn Rysum, Uttum, Norden, Marienhafe).
* ''Orgels in de eems-dollard regio''. Vol. 1. 1999. VLS VLC 0599 (Peter Westerbrink yn Dornum).
* ''Orgels in de eems-dollard regio''. Vol. 2. 2003. VLS VLC 0302 (Peter Westerbrink yn Marienhafe).
* ''Vorbilder und Entwicklungen''. Oargelmuzyk fan Sweelinck bis Bach. 2006. Ambiente, ACD-1023 (Ingo Bredenbach yn Hinte).
* Jacob Praetorius:'' Motets & Organ Work''s. 1996. CPO 999215-2 (Harald Vogel yn Osteel).
* Thomas Tomkins: ''Complete Keyboard Music''. Vol. 4. 1996. MD+G 6070706 (Bernhard Klapprott yn Uttum).
* ''Diskografie der Schnitgerorgeln'' yn Norden en Weener
* ''Orgeln Ostfrieslands 1''. 2005. Ostfriesland-Filme. DVD (skiednis en lûdfragminten fan de oargels yn Norden, Rysum, Hage, Victorbur, Strackholt, Riepe, Hinte, Dornum, Westerholt en Groothusen)
 
{{Boarnen|boarnefernijing=
* [[:de:Orgellandschaft Ostfriesland]]
}}
 
[[Kategory:Kultuer yn East-Fryslân]]
[[Kategory:Skiednis fan East-Fryslân]]