Oargellânskip Eastfryslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
dien
red
 
Rigel 1:
[[Ofbyld:Ostfriesland Orgellandschaft.svg|400px|thumb|Lokaasje fan oargels yn Eastfryslân]]
It '''Oargellânskip Eastfryslân''' is mei likernôch 90 [[oargel]]s út seis iuwen ien fan de rykste oargellânskippen yn de wrâld. Dy oargels steane yn 170 âlde tsjerken troch [[Eastfryslân]] hinne. 60 dêrfan komekomme fan de tiid foar [[1850]]. Yn de fyftjinde en sechtjinde iuw wie de Nederlânske oargelbou fan grutte ynfloed op dy fan Eastfryslân, mar yn de santjinde en achttjinde iuw kamen der mear ynfloeden út [[Hamburch]] en [[Westfalen (streek)|Westfalen]] wei. De Eastfryske oargelbou fan de njoggentjinde iuw wie oant [[1870]] noch reedlik konservatyf en de ynstruminten waarden nei grûnbegjinsels fan [[barok (styl)|barokke styl]] boud. Tusken 1870 en 1950 waarden der yn ferhêldingferhâlding in bytsje oargels boud, en waarden de âlde oargels noch hieltyd brûkt. Hast alle oargels waarden yn de lêste fyftich jier restaurearre, sa't it oargellûd yn de oarspronklike steat opholpen waard. Yn de lêste desenniums naam de belangstelling tige ta en lûkt it Oargellânskip Eastfryslân oargelbouwers en organisten út de hiele wrâld oan.
 
== Skiednis ==
Rigel 19:
Mei syn krêftich lûd waard de oargel fan [[Westerhusen]] troch [[Jost Sieburg]] (1642/43) spesjaal foar it sterke gesang foar de tsjerke ûntwurpen. Yn [[1641]] waard de oargelbegelieding foar it sjongen yn de tsjerke yn Eastfryslân ynfierd. Foarhinne waard der sûnder begelieding songen en hie it oargel allinnich in liturgyske funksje en waard yn gruttere tsjerken brûkt foar de wiksel fan it koar.
 
DeIt oargel yn de [[Grutte Tsjerke (Lier)|Grutte Tsjerke]] fan [[Lier (stêd)|Lier]] giet werom op it oargel fan it [[Kleaster Thedinga]], dy't mooglik yn [[1570]] troch [[Andreas de Mare]] boud waard. Doe't greve [[Enno III fan Eastfryslân|Enno III]] it oargel oan de evangelysk-grifformearde gemeente yn Lier yn [[1609]] skonken hie, boude [[Marten de Mare]] him foar de âlde Liudgertsjerke yn in renêssânse-ynstrumint om. Troch de jierren hinne waard it oargel ta in grut stedsoargel omboud, wylst it âlde [[Register (oargel)|register]] net feroare waard.
 
Wa't deit oargel yn [[Uttum]] om 1660 hinne boud hat is net bekend. Dat oargel is in tsjûgenis fan de bloei fan de Nederlânske oargelbou yn de lette Renêssânse. It haadregister klinkt tige fokaal, wylst de oare registers ferskate oare lûden jouwe. In part fan de pipen is noch de oarspronklike dy't út de sechtjinde iuw stammet. [[Joachim Richborn]], de wichtichste oargelbouwer út de tiid foar [[Arp Schnitger]] om [[1700]] hinne hat de oargels yn [[Berdum]] (1677) en [[Buttforde]] (1681) boud. De oargel yn Buttforde is hast folslein yn de oarspronklike foarm bewarre bleaun. Ek de oargel fan [[Pilsum]] (1694), dy't troch oargelbouwer [[Valentin Ulrich Grotianus]] út [[Auwerk (stêd)|Auwerk]] boud waard, is fan grutte wearde. Oar wurk fan Grotianus stiet yn [[Petkum]] (1694-1699), [[Bensersiel]] (1696) en [[Stedesdorf]] (1696). Fan [[Joachim Keyser]] út [[Jever]], dy't de oargel fan [[Hohenkirchen]] (1694) boud hat, is dy fan [[Eilsum]] (1710) dêr't deit oarspronklike prospekt (foarkant) en de kast fan bewarre bleaun binne.
 
Mei [[Arp Schnitger]] hat de barokke oargelbou yn Noard-Jeropa syn hichtepunt berikt. Hy hat ek yn Eastfryslân syn spoaren efterlitten. Yn Norden (1686-1693) stiet Schnitger syn twadgrutte wurk yn Dútslân, en is mei 46 registers tagelyk it grutste oargel fan Eastfryslân. Acht registers dy't Schnitger fan de âlde oargel fan Edo Evers (1618) brûkt hat, binne noch hieltyd bewarre bleaun en binne noch fan bysûndere kwaliteit. Fan de oargel yn de [[Joaristsjerke (Weener)|Joaristsjerke]] fan [[Weener]] binne der noch seis oarspronklike registers fan Schnitger oer. De oargels fan Schnitger yn de Luthertsjerke yn [[Lier (stêd)|Lier]], en yn [[Wittmund (stêd)|Wittmund]] en [[Rastede]] waarden letter troch nijen ferfongen. De Nederlânske ynfloed op de Eastfryske oargelbou naam yn dy tiid ek ôf.