Bunderneuland: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Side makke mei "thumb|Bunderneuland yn it Reiderlân '''Bunderneuland''' (Bundernijlân) is in streekdoarp en polder yn de gemeente Bunde yn it Eastfryske Reiderlân. It plak hat likernôch 120 ynwenners It streekdoarp ûntstie op de tige fruchtbere seeklaaigrûn, dy't mei 0,2 oant 0,3 meter boppe seenivo leit. De polder wurdt ûntwettere troch it Wymeerer Sieltief en it Bunderneul..."
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 4 des 2021 om 17.58

Bunderneuland (Bundernijlân) is in streekdoarp en polder yn de gemeente Bunde yn it Eastfryske Reiderlân. It plak hat likernôch 120 ynwenners

Bunderneuland yn it Reiderlân

It streekdoarp ûntstie op de tige fruchtbere seeklaaigrûn, dy't mei 0,2 oant 0,3 meter boppe seenivo leit. De polder wurdt ûntwettere troch it Wymeerer Sieltief en it Bunderneulandtief dy't yn noardlike rjochting yn de Doalert streame.

Skiednis

Bewizen foar de ierste bewenning yn it gebiet komt fan it Mesolitikum dy't fûn binne by it oanlizzen fan de A280 ûnder de klaai- en turflagen. Koaitskûlen en fjoerstienmessen waarden fûn. Troch it ynbrekken fan de Doalert yn de lette midsiuwen waard it oarspronklike feangea fan it gebiet ûnbewenber. Dat feroare doe't, lykwols tsjin it sin fan de bewenners fan omlizzende doarpen, privee-ûndernimmers út it Westerlauwerske Fryslân yn 1605 de oanset joegen ta it oanlizzen fan in dyk fan Bunde nei Nijeskâns om it oanslike lân te bedykjen. It gebiet waard bekend as Bunder Newelandt, it Nijlân fan Bunde. Dy ûndernimmers leine 15 pleatsen oan dy't se dêrnei ferpachten.

Nijsgjirrich

 
Ofrit nei it fersoargingsplak Bunderneuland fan de Nederlânske A7 ôf

Nei Bunderneuland is it fersoargingsplak Bunderneuland. De ôfrit dêrfan komt fan de Nederlânske A7, mar is op Dútsk grûngebiet. It wie eartiids de it plak fan de dûane oan de grinsoergong. It fersoargingsplak kin allinnich berikt wurde troch ferkear yn eastlike rjochting.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Karl-Ernst Behre: Landschaftsgeschichte Norddeutschlands, Wachholtz Verlag, Neumünster 2008, siden 99 ff. en 112 f.
  • Ortschronisten der Ostfriesischen Landschaft: Bunderneuland, gemeente Bunde, lânkring Lier (PDF; 141 kB).Oproppen op 16 july 2013.
 
Bunde
 
Haadplak: Bunde
Doarpen: BoenBunderheeDollartWymeer