Bundesautobahn 31: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanfolling fan nl
Rigel 5:
}}
[[File:EmdenBeginnA31AbfahrtWest.jpg|thumb|left|250px|Begjin fan de A31 by Emden]]
De '''Bundesautobahn 31''' (BAB31), koartsein A31, is in Dútske [[autodyk]] mei in langtelingte fan 241 kilometer tusken [[Emden]] en it [[Ruhrgebiet]] en rint by de Nederlânske eastgrins del. De dyk wurdt yn Dútslân ek wol ''Emslandautobahn'' of ''(Ost)friesenspieß'' neamd. Yn Nederlân wurdt de A31 ek wol de ''Emslandlinie'' neamd.
 
De wei is oanlein tusken [[1975]] en [[2004]]. Tusken [[Lier (stêd)|Lier]] en [[Bingum]] rydt it ferkear troch de 945 meter lange [[Iemstunnel]]. Dy tunnel ûnder de [[Iems]] waard tusken 1984 en 1989 boud.
 
Fjirtich kilometer tusken Ochtrup en Lingen wie in skoftlang in normale dyk. Yn 2004 wie dat stik ek ree foar fluch ferkear. Foar de lêste fjirtich kilometer kaam der 11 miljoen [[euro]] stipe fan Nederlânske bedriuwen en it regear. Ek Dútske bedriuwen en gemeenten hawwe meibetelle omdat se der belang by hienen.
 
== Rin ==
De A31 begjint oan de westkant fan [[Emden]], tusken de wiken [[Larrelt]] en Constantia, by in [[Krúspunt (ferkear)|krúspunt]] mei [[ferkearsljocht]]en. De autodyk giet mei in bôge as [[rûnwei]] om Emden hinne, om dêrnei nei it easten ta te rinnen. Nei't de dyk nei it suden ta ôfbûcht, ferbynt er by it [[ferkearsknooppunt]] ''[[Dreieck Leer]]'' by [[Lier (stêd)|Lier]] mei de [[Bundesautobahn 28|A28]] (Lier - [[Aldenburch]] - [[Bremen]]). Dêrnei rint er troch de 945 meter lange [[Iemstunnel]] nei it ''[[Dreieck Bunde]]'', dêr't er mei de [[Bundesautobahn 280|A280]] ferbynt rjochting [[Bunde (Dútslân)|Bunde]] en de Nederlânske grins dêr't dy fierder giet as de [[Rykswei 7|A7]] rjochting [[Grins (stêd)|Grins]]. It part tusken de twa knooppunten is part fan de [[Jeropeeske wei 22|E22]].
 
Dêrnei rint de A31 troch it [[Iemslân]] hinne. By de oansluting [[Meppen (Iemslân)|Meppen]] krúst er de [[Jeropeeske wei 233|E233]], dy't it trasee fan de [[Bundesstraße 402|B402]] ([[Emmen]] - [[Kloppenburch (stêd)|Kloppenburch]], dy't yn Nederlân oergiet op de [[Rykswei 37|A37]]. Dêrnei rint er fierder nei it knooppunt ''[[Kreuz Schüttorf]]'' dêr't er de [[Bundesautobahn 30|A30]] ([[Hengelo (Oerisel)|Hengelo]] - [[Osnabrück]]) krúst. Likernôch 10 km fierder komt de A31 [[Noardryn-Westfalen]] yn en rint troch it westlike part fan it [[Múnsterlân]]. Justjes dêrnei wurdt de [[Bundesstraße 54|B54]] ([[Gronau (Westfalen)|Gronau]] - [[Múnster]]). De autodyk einiget by it knooppunt ''[[Dreieck Bottrop]]'' by [[Bottrop]] yn it [[Ruhrgebiet]] op de [[Bundesautobahn 2|A2]] ([[Oberhausen]] - [[Hannover]])
 
== Keppeling om utens ==