Dreieck Leer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Side makke mei "300px|thumb|Oersichtskaart fan it ''Dreieck Leer'' It '''''Dreieck Leer''''', (folút: '''''Autobahndreieck Leer''''', koart: '''''AB Leer''''') is in ferkearsknooppunt by de Eastfryske stêd Lier (Dútsk: ''Leer'') dy't de Bundesautobahn 31 (Emden - Oberhausen) mei de Bundesautobahn 28 (Lier - Aldenburch - Bremen) ferbynt. == Lizzing == It knooppun..."
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 4 des 2021 om 22.42

It Dreieck Leer, (folút: Autobahndreieck Leer, koart: AB Leer) is in ferkearsknooppunt by de Eastfryske stêd Lier (Dútsk: Leer) dy't de Bundesautobahn 31 (Emden - Oberhausen) mei de Bundesautobahn 28 (Lier - Aldenburch - Bremen) ferbynt.

Oersichtskaart fan it Dreieck Leer

Lizzing

It knooppunt leit yn de lânkring Lier tichteby de gemeenten Moormerland en Brinkum. De stedsdielen fan Lier dy't tichteby it knooppunt lizze, binne Siebenbergen, Eisinghausen en Logaerfeld.

It knooppunt leit likernôch 20 km súdeastlik fan Emden, 65 km noardlik fan Meppen en 50 km westlik fan Aldenburch. Justjes westlik fan it knooppunt rint de A31 troch de 945 meter lange Iemstunnel.

Foarm

De diken nei it knooppunt ta besteane út 2×2 rydstripen, wylst de ferbiningsbôgen op it knooppunt út ien rydstripe bestean. It knooppunt waard yn de foarm fan in omkeard trompetknooppunt oanlein.

Ferkearsyntinsiteit

It knooppunt wurdt deistich troch likernôch 38.000 reauwen brûkt.

Fan Nei Trochsneed
deistige reauwen
Oandiel swier ferkear
AD Leer AS Leer-Ost (A 28)
26.100
12,5 %
AS Veenhusen (A 31) AD Leer
22.000
08,7 %
AD Leer AS Leer Nord (A 31)
27.800
10,0 %
   Oanslutende diken   
         nei Veenhusen, Emden, Norddeich       
       
    nei Meppen, Oberhausen
  Grins 
    nei Aldenburch, Bremen 
     
              


Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: