Karel de Grutte: ferskil tusken ferzjes

ferskillende taalfouten ferbettere
L (Der is mar ien Stêd Rome.)
(ferskillende taalfouten ferbettere)
 
 
== It keninkryk ==
Pippyn de Koarte, de soan fan [[Karel Martel]], wie de earste kening fan de ''[[Karolingen]]'', de dynasty dy't fan [[751]] oant [[987]] in tige wichtige rol spile hat yn de Jeropeeske skiednis. Nei de dea fan Pippyn yn [[768]] waard it keninkryk opdield ûnder dy syn beide soannen: Karel de Grutte en [[Karloman fan Austraasje|Karloman]]. Karloman kaam lykwols al gau te stjerren op [[5 desimber]] [[771]], wêrnei't Karel de Grutte kening waard fan gânshiel it [[Frankyske ryk]].
 
== Utwreiding fan it ryk ==
Wat as in strafekspedysje tsjin de [[Saksen (folk)|Saksen]] begûn, waard al gau in wiidweidige oermastering en leauwensoarloch dy't 32 jier oanhâlde soe en dy't te boek steld waard as de [[Saksenkriich]]. Yn [[772]] foel er mei in grut leger de Saksen oan en de [[Friezen]] eastlik fan de [[Lauwers]]. Hy fersloech harren yn in tal slaggen en dêrtroch kamen it lêste ûnôfhinklik-bleaune Fryske gebiet en it lân fan de Saksen yn Frankyske hannen.
 
Under oanfiering fan [[Widukind]] kaamen de Saksen ferskate kearen yn opstân, dêr't ek de Friezen yn [[782]] oan meidien hawwe. Widukind joech him oer yn [[785]] en ek de Fryske opstân waard delslein. De tsjinstân fan de Saksen wie stiifsettich, earst yn [[804]] hawwe hjase harren lang om let foar altiten deljûn. Under dy oarloch ûntstie it kweade sizzen fan de "bekearing mei izeren tongen", wêrmei't de twongen bekearing mei it swurd bedoeld waard. Hjirta furdige Karel in dekreet út, de [[Capitulatio de partibus Saxoniae]], wêryn't foar it earst yn de westerske skiednis mei geweld in bekearingspolityk bedreaun waard. Yn [[797]] furdige Karel in nij dekreet út, ûnder ynfloed fan syn riedjouwer [[Ealwyn]], dat in wat sêftere bekearingspolityk betsjutte. Dat dekreet wie de [[Capitulare Saxonum]]. Yn [[782]] kaam it ta de romrofte moarderij fan [[Verden]], dêr't neffens de oerlevering 4.500 Saksyske opstannelingen ûnthalze wêzewest ha soene.
 
By de Friezen late dy polityk ta in soad ûnfrede. Yn [[793]] kamen de gebieten eastlik fan de [[Lauwers]] dêr tsjin yn opstân, ûnder oanfieren fan de hartoggen [[Unno]] en [[Eilrad]]. Dy ôpstân late ta in tydlike weromfal nei it [[heidendom]]. Kristlike sindingensindelingen as Liudger waarden op 'e flecht jeiejage. Mar de opstân waard lykwols fuort troch de Franken delslein en de Friezen kamen op 'e nij ûnder de kwint.
 
=== De Langobarden ===
Oan de oarloch tsjin Karel syn oare fijân, de [[Langobarden]], gong in konflikt tusken de Byzantinen en de Langobarden foarôf. De Langobardyske kening Desiderius oermastere yn [[773]] it [[eksargaat]] [[Ravenna (provinsje)|Ravenna]] dât bestjoerd waard troch it [[Byzantynske ryk]] en dêr't ek de stêd [[Rome]] ûnder foel. De paus [[Adrianus I]] frege Karel om help, en dy teach mei in mânsk leger yn [[773]] nei Itaalje ta. Hy besette de Langobardyske haadstad [[Pavia]] en fersloech de ynfallers. Kening Desiderius waard troch him ôfsetten en brocht hy brocht it gebiet tusken Rome en Ravenna mei klam ûnder Frankyske beskerming. Op [[Peaskedei]] [[774]] teach er Rome yn en waard er as in keizer ûnthelle en eare. Mei tastimming fan de paus neamde Karel himsels tenei ''kening fan de Franken en fan de Langobarden''.
 
Yn [[788]] waard mei it hartochdom [[Beieren]] it lêste [[stamhartochdom]] by it Frankyske ryk ynlive, yn [[795]]-[[796]] folge de ûnderwerping fan it ryk fan de [[Avaren (folk)|Avaren]] oan de eastgrins yn it tsjintwurdige [[Hongarije]]), en yn [[811]] twong Karel de [[Denen]] de rivier de [[Eider (rivier)|Eider]] oan te nimmen as grins en koe sadwaande de ynfallen fan de [[Wytsingen]] tsjinhâlde. En ek al bleau yn [[778]] syn fjildtocht tsjin de [[Moaren]] in [[Spanje]] sûnder grutte gefolgen, hy koe wol it gebiet besuden de [[Pyreneeën]] oermasterje en tafoegje oan it ryk as de [[Spaanske Mark]]. Hjir mei waard ek de opgong fan de [[Islam]] ta stean brocht.
* It feralgemienjen fan de fasaliteit, dêr't in [[fazal]] syn bestjoerlike en militêre tsjinsten by oanbea yn ruil foar gebiet.
* It oanstellen fan omreizgjende amtners, de ''missi dominici'' ('ôffurdige fan de hear, de kening'), om kontrôle út te oefenjen op it [[greve|greeflik]] bestjoer;
* It ûntwikkeljen fan in soarte ienheidskultuer om fia sindingwurksindingswurk de bannen tusken syn ûnderdienen te fêstigjen asof te fersterkjen;
* It ynfieren fan it [[pûn (massa)|pûn]], ''livre'' fan it [[Latyn]] ''libra'' as skealje, as standertmjitte foar gewicht lykas jild;
* It ûntwikkeljen fan in hofkultuer, dy't him spegele oan de Byzantynske.
381

bewurkings