Rinsumageast: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pleatslike namme tafoege en tekst ûnder foto ferbetere
No edit summary
Rigel 19:
 
== Skiednis ==
Rinsumageast stie eartiids bekend as Ringesheim, neamd nei in âld wetter [[de Moark]] dat troch it doarp kaam. De namme komt fan it Alddryske "hring", dat in slingerjend wettertewetterke is. It is in âld doarp, ea stienen der fjouwer stinsen omyn 'e Geastomkriten hinnefan 'e Geast, mar dy binne lykwols allegearre fuortrekkeweiwurden. De [[Juwsmastate (Rinsumageast)|Juwsmastate]] waard troch Ljouwerters en de buorman fan de Tjaarda State ferwoaste. De [[Melkemastate]] dêr't de [[Aylva]]'s wennen, is it earst sloopt. De [[Eysingastate (Rinsumageast)|Eysingastate]] is yn [[1805]] nei in brân ôfbrutsen. En [[Tjaardastate (Rinsumageast)|Tjaardastate]] dêr't [[Schelte fan Tjaarda]] wenne, is sloopt yn [[1834]].
 
En net te ferjitten it [[Kleaster Klaarkamp]] fansels, dêr't it [[Clearcampster Bitterke]] noch fan tsjûget. Sirka [[1165]] waard op dizze terp ''Ringesheim'' it [[Sistersjenzers|Sistersjenzer]] kleaster [[Klaarkamp]] stifte. Yn [[1580]] waard dat opheft. De besittings ferfoelen oan de [[Steaten fan Fryslân]]. De [[terp]] dêr't Klaarkamp op stie waard tusken [[1858]] en [[1941]] ôfgroeven, de grûn waard ferkocht.