Rinsumageast: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
taalfoutsjes
Rigel 24:
 
== Bynamme ==
De bynamme foar ynwenners fan Rinsumageast is 'Hûnewippers'. Dizze term komt út it hûnegoaien dat earder organisearre waard op de merke fan it doarp. Op de earste freed fan septimber wie der hynstemerk en de oare deis merke. De nije bewenners yn Rinsumageast moasten dy sneon mei bleate holle ûnder de flagge trochrinne, dy't trijeris oer har hinne swaaid waard. Se wienen dan ynwijd en opnomd yn de doarpsmienskip. Der moast dan noch wol in 'foai' jûn wurde, dy't letter yn de herberch yn drinken omsetten waard. As slotnûmer kaam dan it "hûnewippen" op de brêge. De bedoeling wie ien of mear hûnen te fangen. Inkele manlju stienen al ree mei in koarde dat men slop hingje liet. Yn de midden waard de hûn dêrop setten, wêrnei't it tou mei krêft oanlutsen waard. Sa waard de hûn oer de feart yn 'e midden fan it doarp hinne gisele. Manlju stienen dan ree om de hûn te heinen. As soks mislearre klapte de hûn op de stiennen. Tsjintwurdich wurdt dit net mear mei libjendelibbene hûnen dien.
 
== Aleksandertsjerke ==
It âldste diel fan de [[romaansk]]e herfoarme [[Aleksandertsjerke (Rinsumageast)|Aleksandertsjerke]] fan Rinsumageast komt út de [[11e iuw]]. Yn de 13e iuw is de tsjerke fergrutte troch de oanbou fan in [[Gotyk|let-goatyske]] sydbeuk oan de súdkant fan de tsjerke en 3 skippen. Yn de 16e iuw waard dit wer feroare yn 2 skippen. Under it koar sit in foar Noard-Nederlân seldsume [[krypt]], in ferburgen kapeltsje ûnder de grûn. De toer hat as bekroaning in saneamd [[sealtek]].
Om de tsjerke lizze in tal aadlike grêven, mei "napkestiennen". DitDat binne balstiennen mei rûne boargatten, dêr't nei alle gedachten yn de heidenske tiden, mar ek noch woolwol yn it Kristendom (temûk), fruchtberheidoffers yn stoppe waarden foar heidenske goaden. It boargrús dat by it boarjen fan de gatten ûntstie waard, sa 't sein waard, troch de froulju wol opiten, sa soenen se gauwer bern krije. It tsjerkestee soe eartiids in wichtich heidens kultusplak west hawwe kinne.
 
== Rjochthûs ==
Yn it eardere rjochthûs fan Rinsumageast sit tsjintwurdich in restaurant de de eardere piip. Der binne plannen om de yn 1971 ôfbrutsen piip wer yn eare te herstellen. Foar 1880 wie Rinsumageest it haadplak fan Dantumadiel en de grytmannen kamen gear yn it rjochthûs "Het Wapen van Dantumadeel". Rinsumageest hat altiten in oansjenlik foarkommen hân troch de aadlike Tjaarda's, de Juckema's (of Juwsma's), de Eijsinga's en de Aylva's mei harren states.
 
== Mienskip ==