Janko Douwama: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
twa linken en in tikflaterke
Rigel 1:
'''Jancko Douwama''' ([[Aldeboarn]] [[1482]] - [[Vilvoorde]] [[1529]]) wie in Fryske frijheidsstrider.
 
Hy wie út it [[Fetkeapers|Fetkeaperske]] fermidden ôfkomstich en ferliet by de komst fan'e Saksen it lân. Hy kaam yn 1502 werom en waard ien fan de lieders fan de ûntefreden Friezen yn de Saksyske tiid[[Saksentiid]]. Douwama die earst mei mei de Geldersken (1514), mar rekke yn 1520 yn ûngenede. Hy holp [[Karel V fan it Hillige Roomske Ryk|Karel V]] by de ferovering fan Fryslân. Hy waard as ferrieder wantroud troch beide partijen. Hy kaam tsjinoer de steedhâlder [[Georg Schenck fan Toutenburch]] te stean, dy't, tegearre mei [[Keimpe fan Martena]], syn ûndergngûndergong bewurke soe. Douwama stie ek yn kontakt mei East Fryslân. Op [[12 juny 1523]] waard hy finzen setten.
 
Oft hy werklik yn [[Vilvoorde]] syn Memoires (Skriften útjûn troch it Frysk Genoatskip, 1849) skreaun hat, is op syn minst twifelriedich. Douwama moat sjoen wurde as in Frysk natsjonalist. Syn ideeën waarden oernommen troch [[Syds Tsjaarda]] en [[Karel Roarda]].
 
==boarne:==
*Brouwers, J.H., J.J. Kalma, W. Kok, en M. Wiegersma, red., ''Ensyclopedy fan Fryslân'', (Amsterdam: Elsevier, 1958), ''Jancko Douwama''.