Nederlanners: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Side makke mei "'''Nederlanners''' binne in West-Europeeske folksgroep fan Germaanske komôf. De folksgroep falt gear mei de ynwenners fan Nederlân dy't deselde taal, kultuer en skiednis diele. It Nederlânsk is de mienskiplike taal fan de Nederlanners en dat makket de Flamingen yn Belgje ta it naust besibbe folk. == Net-Nederlânske minderheid binnen Nederlân == De Friezen binne de grutste net-Nederlânske minderheid binnen Nederlân. Ut ûndersyk docht bliken dat in tanimmend..."
Lebel: Keppelings betsjuttingssiden
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 7 des 2021 om 21.29

Nederlanners binne in West-Europeeske folksgroep fan Germaanske komôf. De folksgroep falt gear mei de ynwenners fan Nederlân dy't deselde taal, kultuer en skiednis diele. It Nederlânsk is de mienskiplike taal fan de Nederlanners en dat makket de Flamingen yn Belgje ta it naust besibbe folk.

Net-Nederlânske minderheid binnen Nederlân

De Friezen binne de grutste net-Nederlânske minderheid binnen Nederlân. Ut ûndersyk docht bliken dat in tanimmende groep minsken yn de provinsje Fryslân himsels net as Nederlanner sjocht.

Etnisiteit provinsje Fryslân[1]
Antwurd 1980 1994 2013
Fries 39 % 36 % 45 %
Nederlânske Fries 36 % 23 % 24 %
Nederlanner 26 % 41 % 31 %

Nederlânske diaspora

De grutste groepen Nederlanners om utens wenje yn de Feriene Steaten (± 5.000.000), Súd-Afrika (± 5.000.000), Kanada (± 900.000), Austraalje (± 265.000), Dútslân (± 200.000), Belgje (± 135.000), Noarwegen (± 100.000), Frankryk (± 100.000) en Nij-Seelân (± 50.000). Oer de hiele wrâld wenje sa likernôch ± 25.000.000 miljoen minsken fan Nederlânske komôf.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Betten, Erik (2013). De Friezen: Op syk nei de Fryske identiteit. Side 168.