Piet Oberman: ferskil tusken ferzjes

34 bytes grutter ,  6 moannen lyn
oare foto
No edit summary
(oare foto)
[[Ofbyld:Piet Kramer - Oberman.jpg|thumb|175px|Piet Oberman yn de tiid fan de Twadde Wrâldoarloch]]
'''Pieter Gerk Oberman (Piet)''' ([[Dantumawâld]], [[31 july]] [[1908]] - [[Dokkum]], [[14 novimber]] [[1972]]) wie in houthanneler yn [[Dokkum]].
 
== Biografy ==
=== JeugdJonkheid, oplieding en wurk ===
 
=== Jeugd, oplieding en wurk ===
Piet Oberman wie de soan fan houthanneler Douwe Pieters Oberman (1880-1949) en Elzerdina Frederica Tuininga (1882-1931) en kaam út in húshâlding fan trije bern. Pieter Gerk, syn folsleine namme, waard fuort bûten de Dokkumer stedsgrins berne, dat hij kaam offisjeel yn [[Dantumadiel]] op 'e wrâld. Nei de legere skoalle siet er trije jier op 'e Mulo, mei ûnder oaren de lettere fersetsman en freon foar it libben Harmen Kingma. Dêrnei kaam er by syn heit yn 'e saak. Yn augustus 1928 emigreare er lykme allinnich nei [[Kanada]]. Dêr libbe er trije jier as jager en lânbouwer yn it Kanadeeske doarpke Neilburg. Nei it ferstjerren fan syn mem healwei 1931 kaam er wer werom nei [[Nederlân]]. Sont begjin 1933 oant ein 1935 hie er syn eigen houthannel yn [[Middenmear]]. Yn 1936 kaam er wer werom nei Dokkum en naam de zaak fan syn heit oer. Yn 'e oarloch hold er him yn de earste jierren dwaande mei it produsearjen en ferkeapjen fan hout foar houtgasgenerators. Nei de oarloch wist er syn houthannel út te bouwen ta de grutste van [[Fryslân]] mei 70 wurknimmers.
 
=== 1940-1945 ===
[[Ofbyld:VMF 016-0 038.jpg|thumb|350px|Piet Oberman (yn'e midden steand mei hoed) mei de mannen fan de oerfal, koart nei it barren]]
Oberman hat in wichtige rol spile yn it Frysk ferset tsjin de Dútske besetter yn de [[Twadde Wrâldkriich|Twadde Wrâldoarloch]]. Heal july [[1944]] folge er it twamanskip [[Krijn van den Helm]] en [[Pieter Wijbenga]] op as haad fan de [[Knokploech|KP Fryslân]]. Syn skûlnamme yn it ferset wie Piet Kramer. Al hie er ek in persoansbewiis op namme fan Sjoerd Hanja.