Jorrit Bergsma: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
WeiaR (oerlis | bydragen)
L taalfoutsjes
Rigel 26:
== Biografy ==
Soan fan Anne en Japke Bergsma.
Jorrit Bergsma rydt yn it seizoen 2010-2011 foar it [[BAM (ridersteam)|BAM team]]. Op 10 oktober 2009 wûn Bergsma de earste wedstriid om de [[DSB Bank Cup]]<ref>[http://www.bndestem.nl/sport/sportalgemeen/5646359/Kazach-Jorrit-Bergsma-wint-in-Alkmaar-eerste-schaatsmarathon.ece "Kazach Jorrit Bergsma wint in Alkmaar eerste schaatsmarathon"] BN De Stem, 12 oktober 2009</ref>. Yn it seizoen 2009-2010 besocht hyer him foar [[Kazakstan]] te pleatsen foar de [[Olympyske Spullen]]. By it nasjonale kampioenskip yn it Russyske [[Tsjeljabinsk]] wûn Bergsma de 5000 meter yn 6.28,21 minuten, inkele hûndertsten hurder as in pear wike dêrfoar. Bergsma hie him dêrmei pleatst foar de wrâldbekerwedstriden in [[Berlyn]]. De ISU liet de Nederlânske Kazakken net starte en Bergsma besleat letter om it Kazakse aventoer net troch dete setten<ref>[http://sport.nieuws.nl/580798/marathonschaatsers_toch_geen_kazachen "Marathonschaatsers toch geen Kazachen"] Nieuws.nl, 3 jannewaris 2010</ref>. Letter dat seizoen wûn Bergsma yn Eastenryk de [[Alternative Alvestêdetocht]]<ref>[http://www.telegraaf.nl/telesport/schaatsen/5921298/__Bergsma_wint_Alt._Elfstedentocht__.html "Bergsma wint Alt. Elfstedentocht"] De Telegraaf, 30 jannewaris 2010</ref>.
 
Op [[10 febrewaris]] [[2010]] wûn Bergsma it [[Nederlânske kampioenskippen maratonriden op natueriis 2010|Nederlânske kampioenskippen maratonriden op natueriis]] yn Súdlaren, troch yn in sprint meiflechter [[Douwe de Vries]] te ferslaan.