Fryske Akademy: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Hindrik (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Rigel 10:
 
== De Fryske taal ==
Sûnt de oprjochting fan de Fryske Akademy yn 1938 is it ynstitút belutsenbeheel byyn it fêstlizzen fan de [[Fryske stavering]]. Yn 1945 makke de Fryske Akademy de [[Akademystavering]] en yn 1980 kaam dêr de hjoeddeistige [[Steatestavering]] foar yn 't plak. It foech om in offisjele Fryske stavering fêst te stellen leit lykwols net by de Fryske Akademy, mar sûnt 1969 by Provinsjale Steaten.<ref>Briefregistraasjenûmer 1041844 (iepenbiere gearkomste PS fan 24 april 2013); útstel fan Deputearre Steaten oan Provinsjale Steaten provinsje Fryslân</ref> Deputearre Steaten hat it foech oer it fêststellen fan de skriuwwize fan frjemde wurden. Foar sawol de stavering as foar de regels foar it skriuwen fan frjemde wurden is de Fryske Akademy it fêste ynstitút dat troch de provinsje frege wurdt.
 
De Fryske Akademy skriuwt ek Fryske wurdboeken en jout dy sels út. Bekende útjeften binne it [[Wurdboek fan de Fryske Taal]] en it [[Frysk Hânwurdboek]].