Johannes Marie Neele Kapteyn: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
 
Rigel 5:
Kapteyn wie al betiid wees en waard grutbrocht by in omke en muoike yn Hoogeveen. Hy folge de [[Hegere Boargerskoalle|HBS]] en die dêrnei steatseksamen [[Gryksk]] en [[Latyn]] om him dêrnei ta te lizzen op it boekferkeapersfak. Yn [[1893]] begûn er in eigen skoalboekhannel en útjouwerij yn [[Leien]]. Dêrneist studearre er germanistyk yn [[Universiteit Leien|Leien]] en [[Amsterdam]]. Kapteyn wie in skoft learaar [[Dútsk]] en waard yn [[1916]] beneamd ta [[lektor]] yn de Dútske taal- en letterkunde oan de [[Universiteit Leien|Ryksuniversiteit Leien]]. Hy skreau allerhande ferhannelings oer fral it Ald-Dútsk en waard yn [[1924]] eare-doktor oan de universiteit fan Bonn en heechlearaar Germanistyk oan de Ryksuniversiteit Grins. Yn [[1930]] waard syn learopdracht útwreide mei it Ald-Frysk. Yn [[1938]] wie er ien fan de oprjochters fan de [[Fryske Akademy]].
 
Yn [[septimber]] [[1940]] waard Kapteyn, tsjin it advys fan de Akademyske Senaat yn, troch de Dútsers beneamd ta Rector Magnificus fan de Grinzer universiteit. Kapteyn hie nauwe kontakten mei de Dútske besetter en wie in grut foarstanner fan de ''Dietsche gedachte''. Hy wie ferantwurdlik foar de deportaasje fan de joadske heechlearaar [[Leo Polak]], dy't yn in brief kleidklage hie oer it feit dadat it him ûnmooglik makke waard om syn amt noch út te oefenjen ûnder de Dútske maatregels. Kapteyn liet de brief lêze oan de Dútske autoriteiten op it [[Scholtenhûs]] (it gebou op de Grutte Merk in Grins, dêr't it haadkertier fan de [[Sicherheitsdienst]] fêstige wie) en Polak waard fuortendaliks nei [[Konsintraasjekamp Sachsenhausen|Sachsenhausen]] deportearre; dêr't er desimber 1941 stoar oan it bealgjen yn deit stiengroevestiengat dêre.
 
Kapteyn stie ek oan de widze fan de [[stichting Saxo-Frisia]] en it [[Saxo-Frisia (tydskrift)|tydskrift]] mei deselde namme. Hoewol't it tydskrift yn namme net ferbûn wie oan de stichting, hienen beide in ideologysk doel: it fersterkjen fan de Grut-Germaanske gedachte. Yn [[1941]] hold Kapteyn in rede, ''Friezen, Saksen: twee loten van den Germaanschen Stam'', dy't beskôge wurde kin as it program fan sawol de stichting as it tydskrift. Kapteyn publisearre ek in tal artikels oer [[Fryslân|Fryske]] [[sêge]]n. Hy waard lykwols earst yn [[juny]] 1944 lid fan de [[Nasjonaal Sosjalistyske Beweging|NSB]].
 
Nei [[Dolle Dinsdag]] yn 1944, Kapteyn wie wylswilens mei emeritaat, en as Rector opfolge troch de - ek Nasjonaal-sosjalistyske fysiolooch H.M. de Burlet - flechte Kapteyn mei syn frou nei Eastenryk, nei de stêd [[Murau (stêd)|Murau]]. Trije moannen nei de oarloch kaam er werom en waard er by de grins al oanholden. Hy siet hast in jier yn ferskillende ynternearringskampen, foardat er finzenisstraf oplein krige. Dy straf hoegde er net út te sitten fanwege syn hege âldens en minne sûnens. By it strafproses woe er neat witte fan syn ferantwurdlikens. "Ik was een geleerde, en naïef", soe er úthâlde. Hy gie werom nei Hoogeveen, dêr't er net folle letter stoar.
 
== Literatuer ==