Frysk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
L red
Rigel 17:
It '''Frysk''' is de lânseigen [[taal]] dy't fan âlds sprutsen wurdt troch de [[Westerlauwerske Friezen]], yn it gebiet dat no rûchwei omfieme wurdt troch de [[Nederlân]]ske provinsje [[Fryslân]]. It hat dêr in offisjele status gelyk oan dy fan it [[Nederlânsk]]. It Frysk heart ta de [[Noardwestgermaanske talen|Noardwestgermaanske kloft]] fan 'e [[Westgermaanske talen]], en foarmet dêrbinnen de [[Fryske talen|Fryske taalgroep]] mei it yn [[Dútslân]] sprutsen [[Noardfrysk]] en [[Sealterfrysk]]. Yn akademyske fermiddens wurdt it Frysk faak fan Westerlauwersk Frysk neamd, om it fan 'e oare Fryske talen te ûnderskieden. Yn it bûtenlân sprekt men ornaris fan "[[Westfryske dialekten|Westfrysk]]", mar yn Nederlân is dat de oantsjutting foar in [[Hollânsk]] [[dialekt]] mei in Frysk [[substraat]], út 'e [[Kop fan Noard-Hollân]].
 
Mei sa'n 600.000 sprekkers is it Frysk fierwei de grutste fan 'e trije Fryske talen, en foarmet it in middenmoater as men nei alle [[Jeropa|Jeropeeske]] talen sjocht. Histoarysk is it Frysk fuortkommen út it [[Aldfrysk]], dat him fia it [[Midfrysk]] ta it [[Nijfrysk]] ûntwikkele hat. It moderne Frysk falt útinoar yn in fjouwertal grutte [[dialekt]]en dy't lykwols mar sa'n bytsje ferskille dat men suver better fan taalfarianten sprekke kin. Dêrnjonken besteane ek noch fjouwer lytse, sterk ôfwikende en tsjintwurdich slim yn har fuortbestean bedrige dialekten, dy't sprutsen wurde op 'e [[Waadeilannen]] en yn it lang tige isolearre [[stêd|havenstedsje]] [[Hylpen]]. dy'tFral watit yn[[Hylpersk]] archaiseren dialektit is[[Skiermûntseagersk]] binne wat [[argaysk]]er as de oare dialekten[[Fryske fan Fryslandialekten]]. De [[Fryske standerttaal]] is lykwols fierhinne basearre op 'e beide grutte dialekten fan it [[Klaaifrysk]] en it [[Wâldfrysk]]. Op 't heden wurdt it Frysk op almar mear maatskiplike terreinen brûkt, en nettsjinsteande ûnheilsprofeten dy't al withoelang om it hoartsje it tsjindiel foarsizze, liket it der net op dat it foarearst útstjerre sil.
 
== Taalsibskip ==