Ede Staal: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
L taalfoutsjes
Rigel 4:
 
== Libben ==
Ede Staal wie in soan fan Boele Staal, in ûnderwizer en [[Nasjonaal-Sosjalistyske Beweging|NSB]]'er. Hy troude en hy krige seis soannen. ItDe gesinhúshâlding Staal bewenne ferskate pleatsen yn de provinsje Grinslân.
Ede waard yn [[1981]] ûntdutsen troch in meiwurker fan [[Radio Noord]], [[Engbert Gruben]] dy't al gau yn 'e rekken hie dat Ede wat bysûnders wie. Yn [[1982]] waard ''Mien Toentje'' de werkenningsmelodij fan in tûnkersrubryktúnkersrubryk op Radio Noord. It grappige ferske waard tige populêr en al gau waard Ede dé folksjonger fan Grinslân mei Engbert Gruben as grutste fan. Der kamen in protte oanfragen foar optredens mar dêr gie Ede komselden op yn. Yn 1984 kaam der in plaatsje út mei fjouwer ferskes mei de namme: ''Man, man, man, wat 'n boudel''. Syn seldsume optredens wiene in grut sukses.
 
Yn desimber [[1984]] kaam Ede's earste [[Langspylplaat|LP]] út, mei tolfetolve Grinzer ferskes. De plaat mei de titel ''Mien Toentje'' wie in geweldich sukses. It tal platen dat ferkocht waard lei op it nivo fan in lanlike topplaat. Yn jannewaris [[1985]] moast Staal in swiere operaasje ûndergean. Pas yn novimber fan dat jier koe er wer optrede op it Mollebonefestival yn Delfsyl. Begjin [[1986]] krige Staal in fêste rybryk by it Radio-Noord programma ''Sloaperstil''. Syn teltsjes waarden wykliks útstjoerd op sneintemoarn, en in tal dêrfan binne publisearre yn it blêd ''Toal en Taiken''.
 
Krekt doe't syn karriêre begon te rinnen waard bekend dat Staal maachkanker hie. Op 22 july 1986 is hy ferstoarn nei in koarte mar suksesfolle artistyke karriêre yn syn buorkerijpleats oan de Farmsumerwei ûnder Delfsyl. Yn dat plak is er ek begroeven.
 
Op [[4 oktober]] [[1986]] kaam postuum syn twadde LP ''"As vaaier woorden"'' út. Staal hie yn de lêste moannen fan syn libben noch in belangryk part yn de tariedings.