Ede Staal: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L taalfoutsjes
No edit summary
Rigel 10:
Yn desimber [[1984]] kaam Ede's earste [[Langspylplaat|LP]] út, mei tolve Grinzer ferskes. De plaat mei de titel ''Mien Toentje'' wie in geweldich sukses. It tal platen dat ferkocht waard lei op it nivo fan in lanlike topplaat. Yn jannewaris [[1985]] moast Staal in swiere operaasje ûndergean. Pas yn novimber fan dat jier koe er wer optrede op it Mollebonefestival yn Delfsyl. Begjin [[1986]] krige Staal in fêste rybryk by it Radio-Noord programma ''Sloaperstil''. Syn teltsjes waarden wykliks útstjoerd op sneintemoarn, en in tal dêrfan binne publisearre yn it blêd ''Toal en Taiken''.
 
Krekt doe't syn karriêre begon te rinnen waard bekend dat Staal maachkankerlongkanker hie. Op 22 july 1986 is hyer ferstoarn nei in koarte mar suksesfolle artistyke karriêre yn syn pleats oan de Farmsumerwei ûnder Delfsyl. Yn dat plak is er ek begroeven.
 
Op [[4 oktober]] [[1986]] kaam postuum syn twadde LP ''"As vaaier woorden"'' út. Staal hie yn de lêste moannen fan syn libben noch in belangryk part yn de tariedings.