Casting: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
L red
 
Rigel 1:
[[File:Casting Cats.jpg|right|thumb|300px|Swarte katten wurde cast foar de film ''Tales of Terror'' fan [[Roger Corman]]]]
It [[Ingelsk]]e wurd '''''casting''''' ferwiist nei it selektearjen fan artysten (yn 'e regel [[akteur]]s of [[dûnser]]s) foar in spesifike rol. De groep artysten dy't úteinlik útkeazen wurdt, foarmet de '''''cast''''' oftewol '''rolbesetting''' of '''rolferdieling''' fan 'e oangeande [[film]] of it [[tillefyzje]]programma of [[teäter (keunstfoarm)|teäter]]stik. It wurd ''casting'' kin ek tsjutte op 'e seleksje fan [[fotomodel]]len. By in castingproses binne der by de eigentlike [[audysje]]s ornaris trije partijen oanwêzich: de opdrachtjouwer (lykas in [[regisseur|filmregisseur]] of [[tillefyzje]]- of [[teäter (keunstfoarm)|teäter]]produsint) dy't immen siket foar in beskate put; de artyst dy't wurk siket; en in tuskenpersoan dy't it kontakt tusken de oare beide partijen yn goede banen liedt en dy't de hiele casting organisearret.
 
Sa'n tuskenpersoan fertsjintwurdiget in [[castingburo]], en wurdt in ''[[casting director]]'' (letterlik in "''casting''-regisseur") neamd. De rol fan 'e ''casting director'' is twafâldich: yn it foarste plak nimt hy of sy de opdrachtjouwer in protte wurk út 'e hannen, mar oan 'e oare kant wurket de oanwêzigens fan in ''casting director'' ek as in rem op mooglik misbrûk troch de opdrachtjouwer fan 'e kwetsbere posysje fan artysten dy't om wurk ferlegen sitte. It is nammentlik wol foarkommen dat opdrachtjouwers fan kreaze froulike artysten of modellen [[seksuële omgong|seksuële tsjinsten]] ferlangen yn ruil foar it takennen fan in rol of in modelleputsje (sok dwaan stiet bekend as de ''[[casting couch]]'').