Boppekruier: ferskil tusken ferzjes

3.733 bytes grutter ,  8 moannen lyn
gjin bewurkingsgearfetting
L (RomkeHoekstra hat de side Muonts (mole) omneamd ta Boppekruier: Dit artikel giet oer in achtkante boppekruier. In achtkante boppekruier dy't as grûnsiler (= in mûne dy't fan de grûn ôf betsjinne wurde kin) útfierd is, wurdt yn Fryslân in 'muonts' (of 'mûnts') neamd. Sjoch ek Fries Molenboek, side 12, ISBN 90 70010 92 5). In achtkante boppekruier kin in muonts wêze, mar likegoed in stelling- of yndustrymûne. De funksje fan in muonts is it regeljen fan de wetterhûshâlding.)
No edit summary
[[File:Zaagmolen de Rat, Ijlst 1.JPG|thumb|250px|''Houtseager [[De Rôt (Drylts)|De Rôt]], [[Drylts]]'']]
[[Ofbyld:Walderveensemolen.jpg|200px|thumb|Muonts ([[Walderveense mole]])]]
[[File:Mûne fan Rolde.jpg|thumb|250px|''[[Mûne fan Rolde]] (bult- en nôtmûne)'']]
In '''boppekruier''' is in wynmûne, wêrfan't it [[wjukkenkrús]] nei de wyn [[kruie|kruid]] wurde kin troch de kape fan de mûne yn beweging te setten. Mei help fan it [[kruirêd]] oan de [[sturt (mûne)|sturtbalke]] kin de mounder de kape oer in rolring (of in oar type kruiwurk) op de romp nei de goede wynrjochting draaie.
 
== Untwikkeling ==
In '''muonts''' is in [[mole]] wêrfan't de romp acht kanten hat. De mole wurdt dêrom ek wol '''achtkantmole''' of '''achtkante boppekruier''' neamd. Ek is it in type mole wêr't allinnich de [[Kape (mole)|kape]] fan [[Kruie (mole)|kruid]] wurde kin. De romp fan de mole is hielendal of foar in part fan stien. As it foar in part fan stien is, dan stiet der in houten achtkant op de stiennen.
Sûnt 1600 ferfong de boppekruier stadichoan âldere mûnetypes lykas de [[standermûne]]. De boppekruier wie súksesfol en minder gefoelich as de standermûne foar omwaaien by stoarm. Nederlân krige yn dy tiid namme fanwegen de mûneboukunde en ek tsjintwurdich wurdt de boppekruier yn [[Dútslân]] noch jimmeroan ''Holländermühle'' neamd.
 
== Binnen- en bûtenkruiers ==
Meastal is de muonts in [[nôtmole]] of [[yndustrymole]].
[[File:Molen De Hoop, Oldebroek kruiwerk.jpg|thumb|left|250px|''Kruiwurk fan De Hoop, Oldebroek'']]
[[File:Schermerhorn - Poldermolen O vanuit het zuiden.jpg|thumb|250px|''Poldermûne by Schermerhorn (binnenkruier)]]
[[File:Molen De Hoop 18-07-2019 (06).jpg|thumb|250px|''Nôtmûne de Hoop yn Garderen'']]
Oarpronklik waarden boppekruiers as [[binnenkruier]]s boud, dat wol sizze dat it kruien (it draaien fan it wjukkenkrús nei de wyn) yn de kape fan de mûne barde. Binnenkruiers binne fan bûten al gau te werkennen, om't dy gjin sturt nedich hawwe. Om't it kruien yn de kape plakfynt, hawwe binnenkruiers in grutte kape, wêrtrocht't de mûne in wat lomp oansjen kriget. Tsjintwurdich wurde de measte binnenkruiers yn it [[Noard-Hollân]]ske polderlânskip oantroffen. Letter ûntstiene stadichoan de [[bûtenkruier]]s, sadat de mounders net mear nei de souder fan de mûne hoegden te klimmen om it wjukkenkrús nei de wyn te setten. By in bûtenkruiers wurdt it wjukkenkrús bûten nei de wyn set. De mounder kin it kruirêd dus fanôf de grûn (of stelling) betsjinje. Nei boppe ta binne de bûtenkruiers slanker fan oansjen yn ferlikening mei de binnenkruiers.
 
Mûnen mei in [[wynroas]] kruie harren sels. As it waait soarget de wynroas der foar dat de kape nei de wyn set wurdt. In mûne mei in wynroas komt yn Nederlân hast net foar, mar bûten Nederlân komt it type faker foar. Tichteby Fryslân stiet yn [[Nijefean]] [[De Sterrenberg]], in mûne mei in wynroas dy't oarspronklik yn [[East-Fryslân]] stie en ferhûze nei Nijefean. Lykas by de binnenkruier hat in selskruier gjin sturt nedich.
[[Ofbyld:Concordia molen gerestaureerde houten achtkant.jpg|200px|thumb|left|De houten boppekant fan de [[Konkordia mole]] by de restauraasje]]
== Boufoarm ==
Yn de útfiering binne der ferskillende soarten boppekruiers:
 
* De [[Muonts (mole)|muonts]] of grûnsiler wurdt fanôf de grûn betsjinne. De wjukken draaie reitsje krekt de grûn net oan by it draaien. Om't de muonts mar in bytsje opslachromte hat, kin de mûne allinne as [[poldermûne]] ynset wurde. Muontsen wurde oantroffen op it plattelân. Yn Fryslân binne de muontsen achthoekich en fan hout, mar yn oare provinsjes komme grûnsilers ek yn rûne, stiennen foarmen foar.
* In [[stellingmûne]] is in hege mûne mei in stelling. De stelling is it plak dêr't de mûne betsjinne wurdt. De stellingmûne kin in achtkanter wêze, mar ek rûn. Rûne stellingmûnen binne altiten fan stien.
* In [[achtkantmûne]] is in mûne mei in houten achtkant, al is der ek in foarbyld fan in achtkanter dy't hielendal fan stien is (de Nooit Gedacht yn [[Woudrichem]]).<ref>[https://www.molendatabase.nl/nederland/molen.php?nummer=613 Mûnedatabase]</ref> De achtkanter kin in stellingmûne, mar likegoed in muonts wêze. Njonken achtkanters binne der ek seiskanters of, noch seldsumer, tolvekanters. Yn [[Horn (Limburch)|Horn]] ([[Limburch (Nederlân)|Limburch]]) stiet sels in sechtjinkanter.<ref>[https://www.molendatabase.nl/nederland/molen.php?nummer=426 Mûnedatabase]</ref>
* De [[bultmûne]] is yn 'e regel in [[nôtmûne]] dy't op in faak keunstmjittige bulte stiet. Yn 'e regel is sa'n bulte om en de by 4 meter heech. Troch de bulte rint in paad, wêroer't de weinen de mûne ynride kinne om te laden en lossen. In bultmûne dy't op in tige hege bult stiet is De Korenbloem en it [[Noard-Brabân]]ske Ulvenhout.<ref>[https://www.molendatabase.nl/nederland/molen.php?nummer=600 Mûnedatabase]</ref> De bultmûne wurdt yn it easten en suden fan Nederlân oantroffen.
 
{{Boarnen|boarnefernijing=
{{reflist}}
----
{{Commonscat|Bovenkruier|Boppekruier}}
}}
[[Kategory:Mole]]
9.427

bewurkings