Boppekruier: ferskil tusken ferzjes

1 byte lytser ,  9 moannen lyn
No edit summary
[[File:Schermerhorn - Poldermolen O vanuit het zuiden.jpg|thumb|250px|''Poldermûne by Schermerhorn (binnenkruier)]]
[[File:Molen De Hoop 18-07-2019 (06).jpg|thumb|250px|''Nôtmûne de Hoop yn Garderen'']]
OarpronklikOarspronklik waarden boppekruiers as [[binnenkruier]]s boud, dat wol sizze dat it kruien (it draaien fan it wjukkenkrús nei de wyn) yn de kape fan de mûne barde. Binnenkruiers binne fan bûten al gau te werkennen, om't dy gjin sturt nedich hawwe. Om't it kruien yn de kape plakfynt, hawwe binnenkruiers in grutte kape, wêrtrocht't de mûne in wat lomp oansjen kriget. Tsjintwurdich wurde de measte binnenkruiers yn it [[Noard-Hollân]]ske polderlânskip oantroffen. Letter ûntstiene stadichoan de [[bûtenkruier]]s, sadat de mounders net mear nei de souder fan de mûne hoegden te klimmen om it wjukkenkrús nei de wyn te setten. By in bûtenkruiers wurdt it wjukkenkrús bûten nei de wyn set. De mounder kin it kruirêd dus fanôf de grûn (of stelling) betsjinje. Nei boppe ta binne de bûtenkruiers slanker fan oansjen yn ferlikening mei de binnenkruiers.
 
Mûnen mei in [[wynroas]] kruie harren sels. As it waait soarget de wynroas der foar dat de kape nei de wyn set wurdt. In mûne mei in wynroas komt yn Nederlân hast net foar, mar bûten Nederlân komt it type faker foar. Tichteby Fryslân stiet yn [[Nijefean]] [[De Sterrenberg]], in mûne mei in wynroas dy't oarspronklik yn [[East-Fryslân]] stie en ferhûze nei Nijefean. Lykas by de binnenkruier hat in selskruier gjin sturt nedich.
 
== Boufoarm ==
Yn de útfiering binne der ferskillende soarten boppekruiers:
9.454

bewurkings