Boppekruier: ferskil tusken ferzjes

8 bytes lytser ,  9 moannen lyn
Yn de útfiering binne der ferskillende soarten boppekruiers:
 
* De [[Muonts (mole)|muonts]] of grûnsiler wurdt fanôf de grûn betsjinne. Deen syn wjukken draaie reitsje by it draaien krekt de grûn net oan by it draaien. Om't de muonts mar in bytsje opslachromte hat, kin de mûne allinne as [[poldermûne]] ynset wurde. Muontsen wurde oantroffen op it plattelân. Yn Fryslân binne de muontsen achthoekich en fan hout, mar yn oare provinsjes komme grûnsilers ek yn rûne, stiennen foarmen foar.
* In [[stellingmûne]] is in hege mûne mei in stelling. De stelling is it plak dêr't de mûne betsjinne wurdt. De stellingmûne kin in achtkanter wêze, mar ek rûn. Rûne stellingmûnen binne altiten fan stien.
* In [[achtkantmûne]] is in mûne mei in houten achtkant, al is der ek in foarbyld fan in achtkanter dy't hielendal fan stien is (de Nooit Gedacht yn [[Woudrichem]]).<ref>[https://www.molendatabase.nl/nederland/molen.php?nummer=613 Mûnedatabase]</ref> De achtkanter kin in stellingmûne, mar likegoed in muonts wêze. Njonken achtkanters binne der ek seiskanters of, noch seldsumer, tolvekanters. Yn [[Horn (Limburch)|Horn]] ([[Limburch (Nederlân)|Limburch]]) stiet sels in sechtjinkanter.<ref>[https://www.molendatabase.nl/nederland/molen.php?nummer=426 Mûnedatabase]</ref>
9.454

bewurkings