Piter Jelles Troelstra: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Ieneach fan 'e Esk hat de side Pieter Jelles Troelstra omneamd ta Piter Jelles Troelstra fan de trochferwizing: sa skreau er it sels
L Pieter --> Piter
Rigel 1:
[[Ofbyld:Hjalmar Branting & Pieter Jelles Troelstra - 1917.jpg|thumb|PieterPiter Jelles Troelstra lofts mei [[Hjalmar Branting]] yn 1917]]
'''PieterPiter Jelles Troelstra'''
([[20 april]] [[1860]], [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] -
[[12 maaie]] [[1930]], [[De Haach]])
is bekend wurden as sosjalistysk politikus dy't yn [[1918]], yn neifolging fan de [[Russyske revolúsje]], yn [[Nederlân]] de sosjalistyske revolúsje útrôp. Dêrnjonken hat Troelstra yn [[Fryslân]] as '''Piter Jelles''' namme makke as dichter en skriuwer.
 
== Biografy ==
 
=== Jeugd ===
[[Ofbyld:Pieter Jelles Troelstra en Sjoukje Bokma de Boer.jpg|thumb|PieterPiter Jelles Troelstra mei Sjoukje Bokma de Boer]]
Troelstra is berne op 20 april 1860 yn Ljouwert. Fan [[1868]] oant [[1875]] hat er yn [[Stiens]] wenne. Syn heit, [[Jelle Troelstra (politikus)|Jelle Troelstra sr.]], wie dêr doe ûntfanger fan de belestings. Piter Jelles hat syn foarming yn Stiens krige, foaral troch de ynfloed fan syn mem. Syn libben lang hat Piter Jelles dan ek in bân mei Stiens field.
 
Rigel 20:
=== Polityk ===
[[Ofbyld:Pieter Jelles Troelstra.jpg|thumb|Troelstra by in gearkomste]]
Nei syn stúdzjetiid fêstige Troelstra him as advokaat yn Ljouwert. Hy waard yn [[1890]] lid fan de [[Fryske Folkspartij]], mar kaam nei in lange twastriid ta de konklúzje him alhiel oan de sosjalistyske beweging te wijen. Hy ferhuze yn [[1893]] nei Hollân. Yn 1894 stie PieterPiter Jelles Troelstra mei in tal oaren ('[[De tolve apostels fan de SDAP|de tolve apostels]]') oan de widze fan de [[Sosjaal Demokratyske Arbeiders Partij]] (SDAP) en yn [[1897]] kaam hy foar dy partij yn de [[Twadde Keamer]]. Dêr toande hy him in fûleindich anti-monargist. Hy hope dat de monargy mei Wilhelmina útstjerre soe. Doe't yn 1909 de lettere keninginne Juliana berne waard seach er syn hope op in republyk yn reek opgean. Hy begûn him wer oan de literatuer te wijen en publisearre yn datselde jier syn ferneamde dichtbondel ''Rispinge'', in bondel dy't yn in tiid fan moralistyske dichtkeunst opfoel troch de iepenens en it persoanlike karakter fan de fersen.
 
Net allinne troch syn politike aktiviteiten, mar ek troch syn rol as advokaat fan de bruorren Hogerhuis (de [[Hogerhuissaak]]) waard Troelstra nei [[1897]] ferneamd yn hiel Nederlân. It proses tsjin de trije fan in rôfoerfal beskuldige bruorren, dy't altyd folhâlden hawwe ûnskuldich te wêzen, krige yn dy tiid in protte omtinken en waard yn de sosjalistyske beweging sjoen as ûnsoarchfâldich.
 
It houlik tusken PieterPiter Jelles Troelstra en Sjoukje Bokma de Boer rûn nei ferrin fan tiid op 'e non en waard yn [[1907]] offisjeel ûntbûn, wêrnei't Troelstra op 'e nij troude, mei Sjoukje Oosterbaan.
 
=== Troelstra's "fersin" ===
Rigel 60:
* [http://www.friesgenootschap.nl/artikelen/troelstra.htm Johan Frieswijk oer Piter jelles]
 
{{DEFAULTSORT:Troelstra, PieterPiter Jelles}}
[[Kategory:Frysk sjoernalist]]
[[Kategory:Frysk abbekaat]]