Mâle Tiisdei: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+ radioberjochten
LNo edit summary
Rigel 5:
[[File:4-sep-1944 BBC army crossing Dutch border.ogg|thumb|De BBC nimt it berjocht fan Gerbrandy op 4 septimber oer]]
[[File:Radio Oranje 5-sep.-1944 Opname van Radio-Oranje-uitzending nieuwsberichten en mededelingen.wav|start=12|thumb|Radio Oranje op 5 septimber 1944, der wurdt fan grute dat Breda al befrijd wêze soe]]
Fanwege berjochten dat Nederlân opalle elts stuitdagen fan de Dútske besetting befrijd wurde koe, giene de minsken de dyk op en spilen him oeral emosjonele tafrelen ôf.
 
De [[Alliearden]] hiene nammentlik de dagen dêrfoar bot oanwûn. Snein [[3 septimber]] wie [[Brussel]] befrijd en moandei [[4 septimber]] wie [[Antwerpen (stêd)|Antwerpen]] op de Dútskers ferovere. Dat mei in dei as wat soene Rotterdam, Utert en Amsterdam ek wol befrijd wêze kinne ornearren in protte minsken.
 
Geroften waarden bot oanset en rillegau waard der grute fan de befrijdingbefrijing fan guon plakken yn Súd-Nederlân. In Britsk radioboadskip woe hawwe dat [[Breda]] yndie befrijd wêze soe. De oare deis giene in soad Nederlanners de dyk op om harren befrijders yn te heljen. Flaggen en oranje findels waarden foar it ljocht helle. Under Dútskers en [[Nasjonaal-Sosjalistyske Beweging|NSB]]'ers ûntstie panyk; administraasje waard hastich ferneatige en in protte lju flechten. In protte NSB'ers flechten nei it easten fan it lân as bedarren foar in skoft op de [[Lüneburger Heide]] yn Dútslân. [[Anton Mussert]] ferhuze nei de [[Bellinckhof]] ûnder [[Almelo]].
 
De Nederlânske befolking koe doe net witte dat de alliearde haadmacht noch yn [[Frankryk]] wie. De troepen dy't [[Antwerpen (stêd)|Antwerpen]] berikten hiene mar in smelle korridor yn [[België]] befrijd en dy foarhoede hie te krijekrijen mei fiersten te lange oanfierlinen. De Nederlânske grins wie noch net iens berikt. Oan wjerskanten wie deit kritegebiet noch beset en de foarútskode troepen soene wolris ôfsnien wurde kinne. Der wiene oanwizings dat de Dútskers harren fannijs groepearren. It alliearde heechste befel doar dêrom de trochstjit nei it noarden net oan; boppedat wie it foarneamstefoarnaamste doel, Antwerpen mei harsyn haven, al berikt.
 
Doe't ek [[Operaasje Market Garden]] ein septimber mislearre troch de Dútske oerwinning yn de [[slach om Arnhim]], wie it dúdlik dat benammen Noard-Nederland noch in skoft op de befrijdingbefrijing wachtsje moast. West-Nederlân moast nei Mâle Tiisdei noch in [[Hûngerwinter]] trochstean, ear't it [[5 maaie]] [[1945]] befrijd waard.
 
De term 'Dolle Dinsdag' waard it earst fûn yn ''[[De Gil]]'', in sabeare fersetsblêd, mar feitlik in propagandakrantsje dat fan de besetter bekostige waard. Op [[15 septimber]] hie it bledsje oer it barren op 5 septimber de kop: GENERALE REPETITIE - DURE LES VAN DOLLEN DINSDAG. De [[alliteraasje|alliterearjende]] rigels waarden skreaun troch [[Willem van den Hout]], dy't nei de oarloch ferneamd wurde soe as Willy van der Heide, de skriuwer fan jeugdboekerige [[Bob Evers-rige|Bob Evers]].