Mâle Tiisdei: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
No edit summary
 
Rigel 7:
Fanwege berjochten dat Nederlân alle dagen fan de Dútske besetting befrijd wurde koe, giene de minsken de dyk op en spilen him oeral emosjonele tafrelen ôf.
 
De [[Alliearden]] hiene nammentlik de dagen dêrfoar bot oanwûn. Snein [[3 septimber]] wie [[Brussel]] befrijd en moandei [[4 septimber]] wie [[Antwerpen (stêd)|Antwerpen]] op de Dútskers ferovere. Dat mei in dei as wat soene Rotterdam, Utert en Amsterdam ek wol befrijd wêze kinnekoene, ornearren in protte minsken.
 
Geroften waarden bot oanset en rillegau waard der grute fan de befrijing fan guon plakken yn Súd-Nederlân. In Britsk radioboadskip woe hawwe dat [[Breda]] yndie befrijd wêze soe. De oare deis giene in soad Nederlanners de dyk op om harren befrijders yn te heljen. Flaggen en oranje findels waarden foar it ljocht helle. Under Dútskers en [[Nasjonaal-Sosjalistyske Beweging|NSB]]'ers ûntstie panyk; administraasje waard hastich ferneatige en in protte lju flechten. In protte NSB'ers flechten nei it easten fan it lân as bedarren foar in skoft op de [[Lüneburger Heide]] yn Dútslân. [[Anton Mussert]] ferhuze nei de [[Bellinckhof]] ûnder [[Almelo]].