Tolfde Alvestêdetocht: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
No edit summary
Rigel 49:
Underweis fan Boalsert nei [[Harns (stêd)|Harns]] besocht de skynber net [[wurgens|wurch]] te krijen Paping ter hichte fan [[Wytmarsum]] en riid by de oare trije mannen wei. Hy ried ferskate hûnderten meters op har út, en by trochkomst yn Harns lei er trije minuten foar. It groepke efterfolgers wie ûnderwilens wer in kwartet wurden trochdat Weijs wer oansletten wie. It gie him lykwols al rillegau wer oer de meuch, dat yn [[Frjentsjer]] kamen Van den Berg, Uitham en Verhoeven sûnder him troch. Paping hie tsjin dy tiid syn foarsprong útboud ta alve minuten.
 
Paping gie as in spear troch de saneamde 'Hel fan it Noarden', it grutte lege stik tusken Frjentsjer en [[Dokkum]]. By [[Froubuorstermole]], dêr't it iis sa min wie dat it mar kwealk beriidber wie, died er de redens ûnderweiôf en draafde op [[sokken|hoasfuotling]] oer de [[igge]] oant er it minste part foarby wie. De efterfolgers, dy't geroften hearden dat Paping sa wurch wurden wie dat er ôfstapt wie, fetten dêrtroch nije moed rieden hurd troch. Op 'e [[Dokkumer Ie]] moast Verhoeven de oare beide efterfolgers gean litte om't er te'nein wie. (Letter rekke er [[snieblinens|snieblyn]], ried mei folle faasje by in [[wenskûte]] op en moast ôfstappe.) Doe't Van den Berg en Uitham in ein fierderop Paping tsjinkamen, dy't nei trochkomst yn Dokkum alwer ûnderweis werom nei [[Bartlehiem]] wie, ûntsonk harren de moed dat se him noch byhelje kinne soene. Nettsjinsteande dat diene se dêr dochs har bêst foar.
 
It [[bestjoer]] fan 'e [[Feriening De Fryske Alve Stêden]] hie de einstreek diskear op 'e [[Grutte Wielen]] lein, tusken Ljouwert en [[Gytsjerk]] yn, mei't dêr romte wie foar [[helikopter]]s om te lânjen. In grutte kliber folk wie dêr gearrûnbyinoarkommen. Doe't [[keninginne]] [[Juliana fan de Nederlannen|Juliana]] en [[kroanprinsesse]] [[Beatrix fan de Nederlannen|Beatrix]] dêr elts yn in helikopter arrivearren, wie it [[entûsjasme]] grut. Der wie gâns tarin om 'e keninginne en de prinsesse hinne, doe't dy har op it iis bejoegen, sasear sels, dat it iis it net drage koe en begûn te kreakjen. Doe't it it bestjoer fan 'e Feriening De Fryske Alve Stêden en de [[plysje]] net slagge om alle folk fan it iis te krijen, waard út foarsoarch besletten om 'e keninginne en de prinsesse de ein fan 'e wedstryd fan 'e [[wâl]] ôf besjen te litten.
[[File:Elfstedentocht1963Paping.jpg|thumb|250px|right|[[Reinier Paping]] by trochkomst yn [[Dokkum]].]]
 
Rigel 118:
 
==Toertocht==
Oan 'e [[toertocht (reedriden)|toertocht]] fan 'e Tolfde Alvestêdetocht die in rekôroantal fan 9.294 riders mei. Wylst [[Reinier Paping|Paping]] op 'e [[Grutte Wielen]] noch tajûchheid waard, boaze it [[waar]] almar fierder oan. In protte toertochtriders (en trouwens ek wedstrydriders) krigen de grutste muoite om it goede paad te finen, en hûnderten rekken [[snieblinens|snieblyn]]. It kaam gauris foar dat riders de [[redens]] ûnderweiôf diene om in stik geandefoets ôf te lizzen.
 
Fral foar dejingen dy't [[jûn]]s nei it fallen fan it [[tsjuster]] noch ûnderweis wiene, feroare de tocht yn in swiere beproeving, dy't dêrom letter wol "de Hel fan '63" neamd waard. Uteinlik wisten mar 69 toertochtriders (oftewol 0,7%) de tocht út te riden en it fel begearde [[Alvestêdekrúske]] te bemachtigjen. Under dy lêsten wie de lettere [[hurdriden|hurdrydtrainer]] [[Henk Gemser]]. De lettere hurdrydkampioene [[Stien Kaiser]] en de lettere [[foarsitter]] fan 'e [[Feriening De Fryske Alve Stêden]] [[Henk Kroes]] moasten by [[Frjentsjer]] opjaan.