Reinier Paping: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
No edit summary
Rigel 1:
[[File:Reinier Paping (cropped).jpg|thumb|250px|Reinier Paping yn 1963]]
'''Reinier Paping''' ([[Dedemsfeart (plak)|Dedemsfeart]], [[18 febrewaris]] [[1931]] - [[20 desimber]] [[2021]]) is bekend wurden as de winner fan de [[Alvestêdetocht fan 1963]]. Oan de wedstriid dienen 577 dielnimmers mei dêrwêrfan't 58 fan it folbrochten.
 
Paping ried yn dizze bare tocht wei út de kopgroep ([[Jeen van den Berg]], [[Anton Verhoeven]] en [[Jan Uitham]]), en ried mear as de helte fan 'e tocht allinnich. Tsien oeren en 59 minuten nei de start finishte Paping, 22 minuten letter folge Jan Uitham as twadde.
 
Mei syn oerwinning fertsjinne Paping twa jierkaarten foar de iisbaan yn [[Deventer|Dimter]] en in sulveren sigarettedoaze. In ûnbekenden-ien hie him nei syn oerwinning nog in tsientsje jûn. Folgjend op syn prestaasje wurke Paping mei oan in reklamekampanje foar in moarnsmielprodukt ([[Brinta]]), dêr't hyer ek nochris in 500 [[gûne]], in oanstekker en in föhn mei fertsjinne.
 
Paping begûn nei syn oerwinning in sportsaak yn [[Swolle|Swol]]. Yn [[2009]] fersoarge er de [[voice-over]] oan it begjin fan 'e [[histoaryske film]] ''[[De Hel van '63]]'', oer de [[Tolfde Alvestêdetocht]].