Groep Lever: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
L taalfoutsjes
Rigel 12:
It haadkertier fan de groep wie yn it hûs fan de famylje Lever oan it [[Lytssân (Snits)|Lytssân]] yn [[Snits (stêd)|Snits]]. De Groep Lever ferspriede yn de oarloch yllegale blêden as [[Vrij Nederland]] en [[Trouw (krante)|Trouw]]. De groep holp ek [[joaden]] oan ûnderdûkadressen. Dy joaden kamen faak út de grutte stêden yn it westen fan it lân en flechten mei [[Beurtfeart|beurtskippen]] nei Fryslân. Tydlik wienen se dan by de famylje Lever, oant se in fêst skûladres fûn hiene. De Groep Lever soarge boppedat foar de finansjen fan de ûnderdûkers.
 
Yn [[1942]] waard Hendrik Jakob Lever sr., tegearre mei syn soannen, arrestearre troch de besetter. Nei in moanne finzenisstraf yn de Amsterdamske Euterpestrjitte kamen se frij.
 
As direkteur fan de Radiosintrale reizge Jan Lever it heulehiele lân troch en hold sa kontakt mei it ferset yn oare dielen fan Nederlân. Nei de [[april-maaiestaking]] waarden radio's ferbean. De Groep stifte de [[fersetskrante]] ''BBC-Nieuws'' om sa de minsken dochs fan nijs op de hichte te hâlden.
 
Yn de nacht fan [[16 novimber|16]] op [[17 novimber]] [[1943]] die de [[Sicherheitsdienst]] in ynfal yn it haadkertier an de Groep Lever. Inkele leden koenen ûntkomme oer de dakken fan oanswettende huzen. Hendrik Jakob Lever sr. en it Joadske famke [[Rosa IJzerman]], dy't ûnderdûkt siet by de famylje, waarden arrestearre. Se ferstoarnenferstoaren yn in [[konsintraasjekamp]].
 
Jan Lever flechte nei [[Grinslân]], mar kaam by in fjoergefjocht nei in mislearre oerfal op in [[distribúsjekantoar]] om it libben. Syn broer Hendrik Jacob Lever jr. dûkte nei de oerfal yn it haadkertier ûnder by feehâlder [[Pieter Reitsma]] yn [[Leons]]. By in ynfal op de pleats waard hyer tegearre mei Reitsma arrestearre. Se stoarnenstoareen foar it [[fjoerpeloton]] yn [[Kamp Vught]].
 
Op it [[Algemien Begraafplak Snits|Algemiene Begraafplak]] yn Snits is in [[Monumint Famylje Lever|monumint]] oprjochte foar de famylje Lever. Yn de [[Sudertsjerke (Snits)|Sudertsjerke]] en yn harren eardere wenhûs oan it Lytssân, no ûnderdiel fan it [[Frysk Skipfeart Museum|Frysk Skipfeartmuseum]], hinget in herinneringsplakette. De [[Famylje Leverstrjitte]] is nei him ferneamd.