Wurknimmer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L gongberder
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 1:
In '''wurknimmer''', '''employee''' of '''emplojee'''<ref>{{Berjocht:Frysk Hânwurdboek|388}}</ref> (fan it [[Frânsk]]e ''employé'') is immen dy't foar syn of har [[berop]] by in oar yn 'e tsjinst is en yn ruil foar de diene [[arbeid (wurk)|arbeid]] in [[jild]]lik [[arbeidslean|lean]] ûntfangt. By in [[bedriuw]] wurde alle wurknimmers mei-inoar wol oantsjut as it '''personiel''' of '''personeel'''<ref>{{Berjocht:Frysk Hânwurdboek|1475}}</ref> (fan it Frânske ''personnel'', dat tebekgiet op it [[Latyn]]ske ''personalis'', in [[ferbûging (grammatika)|ferbûging]] fan ''persona'', "[[persoan]]"). De wurknimmers fan 'e [[oerheid]] wurde oantsjut as [[amtner]]s of allegear mei-inoar as de [[amtnerij]] of de amtlike stân. Dejinge by wa't in wurknimmer yn 'e tsjinst is, wurdt in [[wurkjouwer]] neamt. Tusken in wurknimmer en in wurkjouwer wurdt in ûnder de [[arbeidswetjouwing]] binende [[arbeidsoerienkomst]] ôfsletten, dêr't de rjochten en plichten fan beide partijen yn fêstlein binne. Om sterker te stean yn 'e [[ûnderhanneling]]s mei wurkjouwers ferienje wurknimmers har faak yn in [[fakbûn]].
 
==Sjoch ek==