Weekend at Waikiki: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Doetiid
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 31:
 
==Skiednis==
De band begûn yn [[1983]] as in freoneklup yn it Fryske [[Wolvegea]]. De bandleden giene studearjen yn [[Grins (stêd)|Grins]] en wennen yn dy perioade mei-inoar yn de ferfallen Villa Volonté. Ynspirearre troch bands as [[Talking Heads]], [[Devo]], [[Frank Zappa]] en [[David Bowie]] spilen se mear as tsien jier yn sealen troch hiel Nederlân.
 
Waikiki wie ien fan de earste westerske bands dy 't wiidweidich begûn te toeren yn it eardere [[Eastblok]]. Yn [[1988]] gie de band nei [[Poalen]] en yn [[1989]] nei de [[Sovjet Uny]], dêr't se ûnder oare yn [[Sint-Petersburg]] ([[Ruslân]]) en [[Tallinn]] ([[Estlân]]) spilen. Yn [[1990]] foeren se trije wiken oer de doe bot fersmoarge [[Wolga]]. Yn it ramt fan ''Rock for Clear Water'' waard der spile yn alle wichtige stêden. De [[VARA]] brocht de toernee yn byld.