Nuete mûs: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Stang (oerlis | bydragen)
Rigel 22:
==Mûzehâlderij==
Mûzen kinne foar in protte minsken de ideäle hûsdieren wêze, om't se lyts binne en dus frijwol gjin romte ynnimme en om't men gjin fermogen kwyt is oan har foer. Ek hoege se nea wosken te wurden en kinne se leare om te genietsjen fan oanhellingen. Wyfkes wurde oer it generaal leaver en mear holden as mantsjes, mei't harren miich minder sterk rûkt en se sûnder swierrichheden mei oare mûzewyfkes gearlibje kinne. Mantsjes hawwe in ûnútbanbere [[territoarium (biology)|territoarium]]driuw, dy't har derta oanset om lykfol hokker oar mantsje oan te fallen en te besykjen te deadzjen, ek al komme se út itselde nêst en binne se tegearre grutbrocht. Oan 'e oare kant wurdt der sein dat mantsjes mear persoanlikheid en nijsgjirrigens hawwe as wyfkes.
[[File:Mouse_litterRat litter.jpg|right|thumb|250px|In nuete mûs mei jongen.]]
 
Mei't mûzen sosjale bistkes binne, is it de baas om se yn groepen fan teminsten twa eksimplaren te hâlden. Dêrby moat men lykwols al yn 'e rekken hâlde dat men gjin geslachtsryp mantsje en wyfke byinoar set, want ûnder de optimale omstannichheden dy't in bestean as hûsdier oer it algemien biedt, kinne dy ienris per trije wiken in nêst fan 5 oant 18 jongen fuortbringe.