Machine Head: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
FreyaSport (oerlis | bydragen)
Machine Head
Lebel: Keppelings betsjuttingssiden
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 31:
 
==Muzykstyl en ynfloeden==
De muzyk fan Machine Head wurdt benammen beskreaun as groove metal, thrash metal, heavy metal en nu metal. De band is beynfloede troch [[Kalifornje|Kalifornyske]] thrash metal bands lykas [[Metallica]], [[Exodus (Amerikaanske band)|Exodus]], [[Slayer]] en [[Testament (band)|Testament]], tradisjonele heavy metal bands as [[Iron Maiden]], cross-over thrashbands [[Suicidal Tendencies]] en [[Cro-Mags]], groove metalbands [[Pantera]], [[Exhorder]] en [[Fear Factory]], en grungebands [[Nirvana]], [[Soundgarden]] en [[Alice in Chains]].
 
Harren iere albums ''Burn My Eyes'' en ''The More Things Change...'' litte in groove metal en thrash metal benadering sjen, ferlykber mei bands as Pantera en Exhorder. De band feroare harren muzikale rjochting foar de albums ''The Burning Red'' en ''Supercharger'', dy 't beskreaun binne as in nu-metal. Machine Head kaam mei ''Through the Ashes of Empires'' werom nei de groove metal en thrash metal lûd fan de earste twa albums. Machine Head ferhege de kompleksiteit en technisiteit yn harren lûd foar it folgjende album, ''The Blackening'', dat it lûd fan harren earste 5 albums foar in part feroaret ta geunste fan in mear klassyk heavy metal en thrash metal oriïntearre lûd, mei folslein komplekse songstruktueren en gitaarriffs. ''Unto the Locust'' befettet swierdere, fluggere en kompleksere riffs fan sawol Flynn as Phil Demmel, beynfloede troch klassike muzyk en stipe troch flugge en komplekse drumpartijen fan McClain. Dit is ek it earste Machine Head-album mei blastbeats.