The World Is Not Enough (film): ferskil tusken ferzjes

→‎Plot: bs (fan en:)
(nije side)
Lebel: Keppelings betsjuttingssiden
 
(→‎Plot: bs (fan en:))
Yn [[Bilbao]], yn [[Baskelân (autonome mienskip)|Baskelân]], moetet [[geheim agint]] [[James Bond]] fan 'e [[Feriene Keninkryk|Britske]] [[ynljochtingetsjinst]] [[MI6]] de [[Switserlân|Switserske]] [[bankier]] Lachaise, dy't as [[tuskenpersoan]] fungearret by de oerdracht fan goed [[£]]3 miljoen dy't earder oan 'e Britske [[ierdoalje|oalje]]magnaat [[sir]] Robert King [[stellerij|ûntstellen]] wie. Bond skeakelet de [[liifwacht]]en fan Lachaise út en ûnderfreget de bankier om efter de [[identiteit]] te kommen fan 'e [[moardner]] fan in oare MI6-agint, dy't earder op 'e saak set wie. Mar Lachaise wurdt fermoarde troch syn [[sekretaresse]], dy't eins in [[hiermoardner]]esse blykt te wêzen, foar't er Bond wat fertelt. Bond wit op spektakulêre wize mei it [[jild]] te ûntsnappen ear't er troch de tahastige [[plysje]] [[arrestearre]] wurde kin.
 
Yn it [[haadkertier]] fan MI6 yn 'e Britske [[haadstêd]] [[Londen]] wurdt it jild weromjûn oan King, dy't in âlde [[freonskip|freon]] is fan MI6-sjef [[M (James Bond)|M]]. De steapel [[papierjild]] blykt lykwols foartiid yn in [[eksplosiven|eksplosive]] [[floeistof]] dipt te wêzen en wurdt fan in ôfstân ta [[ûntploffing]] brocht as er it oppakt. By de [[eksploazje]] komme King en ferskate meiwurkers fan MI6 om, wylst in oansjenlik diel fan it haadkertier fan 'e ynljochtingetsjinst ferwoastge wurdt. As de moardner, dat de bankierssekretaresse út Bilbao blykt te wêzen, oer de [[rivier]] de [[Teems]] útpykt yn in [[speedboat]], giet Bond har efternei yn in eksperimintele minyspeedboat fan [[Q (James Bond)|Q]], de [[Kertiermaster (funksje)|kertiermaster]] fan MI6. Nei in lange efterfolging te wetter (en in lyts stikje oer lân), besiket de moardneresse by de [[Millennium Dome]] te ûntsnappen troch in [[hjitte-luchtballon]] te kapen, Bond wit ien fan 'e [[tou|ankertouwen]] fêst te gripen en wurdt mei de [[loft]] yn skuord. As de ballon omjûn wurdt troch [[helikopter]]s fan 'e Britske plysje, blaast de frou harsels leaver op troch har [[pistoal]] op 'e [[gasflesse]]n fan 'e ballon ôf te fjurjen, as dat se har [[oerjefte|oerjout]]. Bond falt tsientallen [[meter]]s omleech en komt del op it [[dak]] fan 'e Millennium Dome.
 
As Bond letter ûndersyk nei de saak docht, ûntdekt er dat it jild dat King fia MI6 weromkrige, omrekkene persiis 5 miljoen [[Amerikaanske dollar]] bedroech. Dat wie ek krekt de hichte fan 'e [[losjild|lospriis]] by de [[ûntfiering]], inkele jierren lyn, fan King syn [[dochter]] Elektra troch de [[Ruslân|Russyske]] [[terrorist]] "Renard" (eins Viktor Zokas, in âld-agint fan 'e [[KGB]]). King behelle M doe by de saak as adviseur, en hja rikkemandearre him oan om net te beteljen, alteast nòch net, om't se tocht dat der noch tiid genôch wie om Renard op te spoaren en yn te rekkenjen. Dêr wie se lykwols mis mei, en in [[seksueel misbrûk|misbrûkte]] en [[psychologysk trauma|traumatisearre]] Elektra wist in skoftke letter op eigen manneboet oan har [[gizelnimmer]]s te ûntsnappen. Neitiid besocht M om Renard út te skeakeljen, mar de agint dy't se stjoerde, miste: de [[kûgel]] krong wol de [[harsens]] fan Renard binnen, mar deade him net. De kûgel sit lykwols te djip om te ferwiderjen en beweecht him stadichoan noch djipper nei binnen ta. Renard wurdt dêrom geandewei ymmún foar [[pine]], oant de kûgel syn [[harsenskoars]] berikt en him deadocht.
14.392

bewurkings