Tony Feitsma: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
LNo edit summary
Rigel 23:
 
== Biografy ==
Tony Feitsma waard berne op in boerepleats yn [[Brantgum]]. Doe't se lyts wie ferfearen har âlden nei in nije pleats yn de [[Wieringermar]]. Se folge it Murmelliusgymnasium yn [[Alkmaar]] en studearre Frysk, [[Deensk]] en [[Frânsk]] oan de [[Universiteit fan Amsterdam|UfA]]. Nei in jier as fiif as learares Frânsk yn Harns wurksum west tate hawwen, waard se yn 1961 wittenskiplik meiwurker oan it [[Frysk Ynstitút]] yn [[Grins (stêd)|Grins]]. Yn augustus 1968 waard se, tagelyk mei Henk Meijering, beneamd as wittenskiplik meiwurker oan de [[Frije Universiteit|VU]], om de fakatuere fan heechlearaar [[Klaas Fokkema]] yn te foljen, dy't op 26 febrewaris 1967 ferstoarn wie. De stúdzjerjochting Frysk beskikte dêrmei oer twa fte's. Yn 1974 promovearre Feitsma ''cum laude'' op it [[Midfrysk]] fan [[Gysbert Japicx]] en yn 1976 waard se oansteld as bûtengewoan heechlearaar Frysk oan de VU, wat se bleau oant har emeritaat yn 1993. Se hie it mêd fan de [[Nijfrysk|Nij]]- en [[Midfrysk]]e taal- en letterkunde op har noed.
 
Tony Feitsma hat har har hiele libben aktyf ynset foar de Fryske taal. Se hat in protte wittenskiplike publikaasjes op har namme, yn it foarste plak taalkundich, mar se hat ek skreaun oer Frysk ûnderwiis en de sosjale skiednis fan it Frysk. Yn 2008 hat syse noch har eigen fûns yn it libben roppen om it Frysk yn it deistich libben te stypjen, dêr't se it gebrûk fan de taal dy't se altiten bestudearre hat, stypje woe. Doe't it [[Frysk Hânwurdboek]] yn [[2009]] publisearre waard, waard it twadde eksimplaar oerlange oan Feitsma.
 
Ek op kultureel en polityk mêd wie Tony Feitsma aktyf. Sa hat se yn it bestjoer fan de [[Koperative Utjouwerij]] sitten en se hat yn de begjinjierren foarsitter fan de [[Fryske Nasjonale Partij]] west.