Harke Bremer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 4:
Bremer is hikke en tein yn Nes (D). Hy studearre oan de [[Ryksuniversiteit Grins]] klassike talen en is no learaar [[Gryksk]], [[Latyn]] en KCV oan it [[Gymnasium Seleanum|Gymnasium Celeanum]] yn [[Swol]]. Foar syn fakgebiet is er (mei)skriuwer fan ferskate learboeken, wêrûnder it eineksamenboek Latyn 2007/2008.
 
Fierders is er tige warber as oersetter. Sûnt ein jierren santich set hyer tegearre mei [[Jarich Hoekstra]] in soad oer. De twa hawwe ferhalen oerset fan Kapitein Rob en [[Asterix de Galjer|Asterix]]. Ek hawwe se de [[Olly B. Bommel|Bommel-ferhalen]] ferfryske,. dêrfoarDêrfoar krigen se op [[17 septimber]] [[1996]] de [[Obe Postmapriis]],. datDat is de literatuerpriis foar Fryske oersetters.
 
Ek skriuwt er tegearre mei Hoekstra syn eigen proaza. Harren debút dêryn wie yn 1995 mei it boek ''Hâld faasje!''. It is in kolderyk ferhaal oer in learaar maatskippijlear en [[biology]] dat karakterisearre waard as in ‘strypferhaal sûnder plaatsjes’. Yn 2009 folge by [[Utjouwerij Bornmeer]] harren twadde boek: ''De Frouwepenje''. It boek is in fernimstige histoaryske detektive dy’t spilet yn [[East-Fryslân]] ûnder it ding fan de [[Upstalbeam]] yn 1323.