Saksofoan: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Daam (oerlis | bydragen)
L →‎Gebrûk: big band --> bigband
Daam (oerlis | bydragen)
→‎Gebrûk: linkjes oanpast
Rigel 36:
Dochs fûn de saksofoan gjin yngong yn it tradisjonele [[symfony]]-orkest. Wol waard it ynstrumint al gau brûkt yn it militêre [[harmony]]-orkest.
Ek hjoed de dei wurdt de saksofoan yn in soad blaasorkesten brûkt, lykas it harmony-orkest, de [[fanfare]] en de [[bigband]]. As solo-ynstrumint kin men de saksofoan rûnom tsjinkomme: yn jazz-, [[klezmer]]- en [[popmuzyk]] en de [[klassike muzyk]].
De saksofoan waard útfûn as klassyk ynstrumint en hat syn eigen ûntjouwing trochmakke yn de klassike muzyk. Hoewol't de saksofoan as regulier orkestynstrumint nea trochkrongen is yn it tradisjonele symfony-orkest (mei troch it kommunikative ûnfermogen fan Adolphe Sax) hat it as solo-ynstrumint en yn de [[keamermuzyk]] in wichtige rol spile. Benammen yn de [[20e ieu]] gong dy ûntjouwing hurd. Wichtich inisjatrise fan nij saksofoanrepertoire wie de [[Amearika|Amerikaansk]]e ''mecenas'' [[Elisa Hall]] dy't swierrichheden mei it sykheljen hie. Hja stimulearre [[André Caplet]], [[Claude Debussy]], [[Vincent d'Indy]], [[Florent Schmitt]] en in soad oaren om stikken foar har te skriuwen. Oan har minne sûnens tankje wy dus de moaiste saksofoannoaten.
Yn de keamermuzyk hat foaral it saksofoan[[saksofoankwartetkeamermuzyk|kwartet]] furore makke. Nei in wat hoeden begjin yn de [[19e ieu]] troch komponisten as Singelée en Forio, waard it sjenre troch opswypkjende sjenyen as [[Marcel Mule]] en [[Sigurd Rascher]] mei faasje ûnder it folk brocht: masterwurken fan [[Aleksandr Glazoenov]], Rivier, Bozza en [[Iannis Xenakis]] soenen de muzykskiednis foar altyd feroarje.
 
[[kategory:houtblaasynstrumint]]