Trompet: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Daam (oerlis | bydragen)
→‎Gebrûk: linkjes oanpast
Daam (oerlis | bydragen)
→‎Skiednis: linkjes oanpast
Rigel 10:
 
==Skiednis==
Primitive foarrinners fan de trompet bestiene 2000 foar Kristus al. De trompet sil ûntstien wêze, doe't de lju útfûnen dat hja lûd op materialen lykas skelpen of holle buizen meitsje koene. Ien fan de âldste boarnen dy't de trompet neamd, is de [[Hebrieuske Bibel]]. Dêr wurdt praat oer bazunen of silveren trompetten fan sa'n 50 sintimeter lang. Dy trompetten wiene net folle mear as in rjochte buis dy't op 'e ein op in trachter útrûn. De [[Egypte|Egyptners]] hiene lyksoartige trompetten, dêr't de trompetten fan [[Toetanchamon]] in foarbyld fan binne.
 
De [[Romeinen]] hiene trije soarten trompetten:
Rigel 20:
Yn dy tiid wiene de foarm fan de trompet - sawat lykas de tuba fan de Romeinen - en it mûlestik en de blaastechnyk noch net sa goed, dat der koene net mear as sa'n fjouwer natuertoanen spile wurde. De trompet hie syn plak oan de foarstehôven en letter ek yn de stêden, it earst yn [[Itaalje]], want benammen rike [[hannelsstêden]] woene de pracht en praal fan de foarstehôven neidwaan.
 
Yn de [[RennaissanceRenêssânse]] waard de metaalbewurkingsyndustry op in tal punten better. Tenei koene ek bûgde buizen makke wurde. Dêrtroch wie it mooglik om de trompet koarter en handiger yn gebrûk te meitsjen.
Ek ûntstie in nij soarte trompet: de skotrompet. Dat is in hiel oar ynstrumint as de [[tromboane]]. It mûlestik siet oan in lange piip fêst, dy't yn de mûlepiip stuts en hinne en wer skood wurde koe. Jo hiene dus mei de iene hân it mûlestik fêst en mei de oare beweegden jo de trompet hinne en wer. Dat ynstrumint die syn yngong ek yn de [[tsjerkemuzyk]] (de trompet wie oant doe ta út de tsjerke band troch syn gebrûk yn oarloggen).
Ek kamen der no gildes foar trompettisten.
Rigel 33:
It earst wurkjende fentyl waard troch [[Heinrich Stölzel]] yn [[1815]] útfûn en it fentyl sa't wy dat no kenne troch [[François Perinet]] yn [[1839]]. It fentyl waard benammen tapast op de [[kornet]]. It is net rjocht dúdlik wa't earder wie, Heinrich Stölzel of [[Friedrich Blühmel]]. Tegearre krigen se yn [[1818]] in [[patint]]. De earste fentilen wiene nammers net rûn mar fjouwerkant en waarden makke troch [[Friedrich Wilhelm Schuster]].
 
De trompet moat net betize wurde mei de [[kornet]], dy't der wol wat op liket. Dat lêste ynstrumint hat in oare skiednis: it stamt ôf fan de [[posthoarn]]. It ferskil is benammen dat de kornet folle koanysker is: de diameter fan de buis fan it mûlestik ôf smeller, en hat dêrtroch in grutter ferrin. De kornet is ek kompakter boud, mei rommere bochten as de trompet. Yn de [[20ste20e ieu]] moast de kornet stadichoan wer plak meitsje foar de fentyltrompet. Op dit stuit (2007) makket de trompet wer in hichtepunt troch. It ynstrumint wurdt in soad brûkt yn de jazz en ek wurde der solostikken foar skreaun troch klassike [[komponist]]en. Bygelyks troch [[Hindemith]], [[André Jolivet|Jolivet]] en [[Henze]]. Alinnich yn in [[brassband]] slacht de kornet foar master op: dêr spylje gjin trompetten yn.
 
Om't de trompet no op ferskate wizen yn de muzyk brûkt wurdt, is it saak om de klank fan it ynstrumint oanpasse te kinnen. Dêrfoar hat de trompettist ferskate dimpers ta syn beskikking.