Titel (namme): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L huh?
L red
 
Rigel 1:
In '''titel''' (fan ''titulaire'', de [[eigenskipswurd]]like foarm fan it [[Frânsk]] ''titre'') of '''opskrift''' is de [[namme]] fan makke wurk, yn 'e regel op it mêd fan 'e [[literatuer]], [[skiene keunsten]], [[muzyk]], [[film]] of [[tillefyzje]], lykas in [[boek]], [[ferhaal]], [[haadstik]], [[gedicht]], [[spylfilm]], [[tillefyzjeprogramma]], [[fideospultsje|fideo]]- of [[kompjûterspultsje]], [[liet]], [[album (muzyk)|album]], of lykfol hokker oar publisearre wurk ek. Men brûkt in titel yn it foarste plak om in wurk mei te identifisearjen, mar men kin der ek in minimale gearfetting fan 'e ynhâld mei jaan en besykje om 'e belangstelling fan sjoggers en mooglike keapers te wekjen. Fierders is it mooglik om it wurk mei de titel drekt al yn in beskate kontekst te pleatsen; sa tinkt tsjintwurdich bygelyks eltsenien by in titel dêr't it wurd ''Star'' diel fan útmakket, oan [[science fiction]] (''[[Star Trek]]'', ''[[Star Wars]]'', ensfh.).
 
Titels wurde yn 'e regel keazen troch de makker ([[auteur]], [[keunstner]], [[komponist]] of [[regisseur]]), hoewol't yn 'e literatuer faak de [[útjouwer]] meibeslist, en yn 'e film-, tillefyzje- en muzykyndustry de [[filmprodusint|produsint]]. Salang't in wurk noch net ôf, of alteast net publisearre is, kin dernei ferwiisd wurde ûnder in foarriedige [[wurktitel]]. Sokke wurktitels kinne by de publikaasje oanholden wurde, mar meastal wurde se ferfongen troch in nije, folslein oare titel. Fral by films komt it foar dat der njonken de orizjinele titel ek noch in alternative, [[ynternasjonale titel]] yn in oare [[taal]] brûkt wurdt. As yn 'e titel de [[namme]] fan in [[personaazje]] út it wurk neamd wurdt, sprekt men fan de [[titelrol]] (dat hoecht net deselde te wêzen as de [[haadrol]]). Yn 'e [[útjouwerij]]brâns is it wenst om 'e titel ôf te printsjen op 'e [[foarside]] fan in boek, mar ek op it [[skutblêd]] en yn 'e lingterjochting op 'e rêch fan 'e [[omslach]]. Op [[cd's]] en [[dvd's]] stiet de titel op 'e foarkant en op 'e rêch.
 
By guon wurken wurdt de (meastal koartere titel) oanfolle mei in (meastal langere en mear omskriuwende) [[ûndertitel]]. Titel en ûndertitel wurde dan faninoar skaat troch in [[dûbele punt]] (:) of in lizzend streekje (–), en yn it ferline ek wol troch it "of". In foarbyld is it boek: ''Rites of Peace: The Fall of Napoleon and the Congress of Vienna'', fan 'e [[Grut-Brittanje|Britske]] [[histoarikus]] [[Adam Zamoyski]]. Dêrby is de titel ''Rites of Peace'' ("Fredesrituëlen"), dat net in protte oer de ynhâld fan it boek seit, mar dochs moai klinkt. De omskriuwing fan 'e ynhâld folget yn 'e ûndertitel: ''The Fall of Napoleon and the Congress of Vienna'' ("De Fal fan [[Napoleon]] en it [[Kongres fan Wenen]]), wat de lêzer ferteld dat it giet oer de ein fan it [[bewâld]] fan [[Napoleon Bonaparte]] en de [[frede]]sbesprekkings yn 'e [[Eastenryk]]ske [[haadstêd]] [[Wenen]] oan 'e ein fan 'e [[Napoleontyske Oarloggen]].