Bonifatiustsjerke (Medemblik): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Side makke mei "{{Ynfoboks bouwurk | namme = ''Bonifatiustsjerke'' | ôfbylding = Noordoostgevel kerk en toren met spitsboognissen - Medemblik - 20406602 - RCE.jpg | ôfbyldingsbreedte = | ôfbyldingstekst = | lân = 20px Nederlân | bestjoerlike ienheid 1 = provinsje | namme bestjoerlike ienheid 1= 20px Noard-Hollân |..."
Lebel: Keppelings betsjuttingssiden
 
red
Rigel 46:
== Toer ==
De toer is âlder as de tsjerke en is eigendom fan de gemeente Medemblik. De muorren fan de has 71 meter hege toer binne twa meter dik. De âlde bekroaning waard foarme troch in spits op in stompe toer, dy't yn 1656 by in stoarm ferlern gyng. De hjoeddeiske spits mei de iepen sipel datearret fan 1667. Yn 1855 drige sloop fan de toer doe't de toer brekfallich woarn wie. Lang om let stoarttestoarte de toer foar in part yn en de stiennen waarden ferkocht. By de weropbou fan de toer stoarttestoarte de steiger yn werby't fiif minsken omkamen. Yn 1900 wie de nije toer foltôge en koe de hoanne op de spits set wurde. Yn de twadde helte fan de 20e iuw begûn de toer jimmeroan mear nei de noardeastlike kant te sakjen. Nei alle gedachten is dat in gefolch fan it droechlizzen fan de [[Sudersee]] en de feroaring fan it grûnwetterpeil.
 
== Ynterieur ==
Rigel 52:
De tsjerke hat seis brânskildere ramen yn it súdskip waard it meast eastlike yn 1670 skonken troch de stêd [[Monnickendam]]. In oar raam mei de foarstellng fan de [[Noäch (bibelsk persoan)|Arke fan Noäch]] mei dêrûnder de Easterhaven en de tsjerketoer is yn 1671 skonken troch it Rynskippersgild.
 
De preekstoel stamt noch út de tiid fan foar de reformaasje (1560), allinne de trep is nei alle gedachten 17e-iuwsk. Op de panelen binne foarstellings út it [[Apokryf|apokrive]] boek [[Judit (bibelboek)|Judit]] ôfbylde. Op de trep fan de preekstoel stiet in 17e-iuwsk sânglês, dy'tdat brûkt waard om de tiid fan de preek te beheinen. Fierder binne der koperen kroanen mei kearsen út 1571 en 1591. Efter yn de tsjerke leit it ienfâldige grêf fan de [[Skotlân|Skotske]] ealman George Murray († 1760).
 
De pylders yn de tsjerke binne fersierd mei teksten út de [[Deux-Aesbibel]]. De teksten binne oanbrocht yn 1602, krekt nei de reformaasje, doe't de grifformearden de Deux-Aesbibel brûkten.
Rigel 65:
De restauraasje fan it oargel yn de jierren 1994-2000 hie ta doel it ynstrumint wer yn de sitewaasje fan 1863 werom te bringen; it boarstwurk waard yn de sitewaasje fan 1671 werom broch. De firma Polman út Hoarn joech it oargel de mahonykleur werom, dy't nei alle mei de kleur fan 1785 oerienkomt.
 
De klank fan it oargel is û.o. ferneandferneamd fanwegen it register Regaal 8′ fan draaid parrebeamhout. Neffens in âld ôfbyld yn in 19e-iuwsk Ingelsk reisboek wiene efter it oargel op de muorre draperieëndraperyen skildere, dy't oant de dei fan hjoed noch net wer rekonstruearre binne. Tsjintwurdich hat it oargel 23 registers op trije manualen mei oanhongen pedaal.
 
Njonken it haadoargel is der yn de tsjerke noch in koeroargel fan de firma Flentrop út it jier 1993 oanwêzich.
 
== Klokken ==
Yn de toer hingje trije iuwenâlde laatklokkenliedklokken. De swierste klok fan 4,239 ton en in trochsnittrochsneed fan 1875 mm is yn 1649 getten troch Pieter en François Hemony yn Sutfen en draacht it râneskrift ''Extensis urbis Medemlecae moeniis civiumque accrescente frequentia ex decreto magistratus. anno domini MDCXLIX in hanc formam me redegunt F. et P. Hemony. Zutphaniae''. De twadde klok is 2,256 ton swier en hat in trochsnittrochsneed fan 1503 mm. De twadde klok is ek yn 1649 getten troch Pieter en François Hemony en draacht it râneskrift ''Laudate Dominum cymbalis bene sonantibus F. et P. Hemony me fec. Zutphaniae ao 1649''. Ien fan de Hemony-klokken skuorde nei 1998 en is dêrnei laske.
 
De tredde klok is in nei [[Petrus|Sint-Piter]] ferneamde klok. De klok wie in klok foar in poarte út 1406, mar waard yn 1636 op 'e nij getten troch Everhardus Splinter by de Noarderpoarte yn Inkhuzen. De klok is 1,136 ton swier, hat in trochsnittrochsneed fan 1253 mm en it opskrift ''SUNTE PIETER IS MIN NAEM, TOT GODES DIENST BEN ICK BEQUAEM, DEN LEVENDEN ROEP ICK, DEN DODEN OVER LUIDE ICK, ANNO 1636''. Oan beide kanten steane ôfbylden fan Sint-Piter mei dêrûnder de tekst ''EVERHARDUS SPLINTER ME FECIT ENCHUSAE''.
 
Sûnt 1998 hinget yn de lantearne in karriljon fan Petit & Fritsen dat út 14 klokken bestiet.