DE - Treinstellen DE (Blauwe Ingel): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 81:
 
==Ynset==
De DE1 - en DE2 - treinstellen wiene te sjen op hast alle net elektrifisearre spoarlinen yn Nederlân. Yn de measte gefallen ferfingen de treinstellen de stoomtraksje dy 't noch op dizze linen aktyf wie. De earste treinstellen waarden yn 1953 ynset op de linen [[Stasjon Arnhim|Arnhim]] – [[Stasjon Winterswyk|Winterswyk]], [[Stasjon Gouda|Gouda]] – [[Stasjon Alphen oan de Ryn|Alfen oan de Ryn]] en tusken Ljouwert en Snits. It jier dêrnei folgen [[Kamperlyntsje|it Kamperlyntsje]], de spoarline [[Stasjon Swol|Swol]] - [[Stasjon Almelo|Almelo]] en de oare net elektryfysearreelektrifisearre baanfakken yn Grinslân en Fryslân. As lêste waarden yn [[1954]] de Blauwe Ingelen yntrodusearre yn [[Súd-Limboarch]]. Dêrby rieden de treinstellen ek de ynternasjonale treintsjinsten tusken [[Stasjon Maastricht|Maastricht]] en [[Stasjon Luik|Luik]] en tusken [[Stasjon Heerlen|Heerlen]] en [[Stasjon Aken|Aken]]. Troch elektryfykaasje ferdwûnen de treinstellen yn [[1956]] alwer fan it trajekt Gouda - Alphen oan de Ryn.
 
Begjin jierren sechtich kamen de [[Plan U]]-treinstellen yn tsjinst. Sy ferfongen de Blauwe Ingelen op de linen Grins - Ljouwert en Arnhem - Winterswijk. De frijkommen treinstellen waarden benammen yn [[Twinte]] en om [[Sutfen (stêd)|Zutphen]] ynset. Ek rieden de treinstellen yn de jierren sechtich koarte tiid tusken [[Stasjon Alkmaar|Alkmaar]] en [[Stasjon Hoarn|Hoarn]]. Tusken [[1970]] en de elektrifikaasje fan it trajekt [[Stasjon Geldermalsen|Geldermalsen]] – [[Stasjon Tiel|Tiel]] yn [[1978]] rieden de DE1 en DE2 - treinstellen de trochgeande treinen tusken [[Stasjon Utert|Utert]] – [[Stasjon Geldermalsen|Geldermalsen]] en Arnhim /[[Stasjon Nimwegen|Nimwegen]]. Fan [[1978]] ôf waard dy tsjinst ynkoarte ta Tiel. Yn [[1977]] wie ûndertusken de ynset fan de treinstellen tusken Maastricht en Aken beëinige.
 
===De lêste jierren===