DE - Treinstellen DE (Blauwe Ingel): ferskil tusken ferzjes

 
==Beskriuwing fan it materieel==
[[Ofbyld:NS 37.JPG|thumb|left|200px|Read farve treinstel 37 by Skearnegoutum]]
De kopfoarm fan it materieel is ôflaat fan [[Mat '46]]. In DE1 is 27,05 meter lang en hat twa draaiskammels dy 't elk oandreaun wurde troch twa elektromotoaren. In DE2 is 45,4 meter lang en hat trije draaiskammels, wêrfan 't it earste en tredde elk oandreaun wurde troch twa elektromotors. It middelste draaiskammel fan DE2 is in [[jacobsdraaiskammel]]. De elektryske stroom wurdt yn beide gefallen levere troch twa diselmotoaren mei keppele generator dy 't elk twa traksjemotoaren oandriuwe. Ein [[1950-er jierren|jierren fyftich]] binne de motoaren fan de treinstellen DE2 ferfongen troch in swierder type. De stellen hawwe [[Scharfenbergkeppeling]]s en kinne mei-inoar keppele wurde ta maksimaal trije eksimplaren, mar net mei oare matearjeeltypen. Dit materieel kaam yn in [[blauw]]e kleur mei [[oranje]] biezen en foarsjoen fan wjukken ûnder de [[Kabine (trein)|kabine]]rúten op 'e baan en krige dêrom al yn [[1954]] de bynamme ''Blauwe Ingel''. Yn de [[Jierren1960-er sechstichjierren|sechstiger jierren]] waarden de treinstellen revisearre, en yn de doe foar diselmaterieel gebrûklike kleur read skildere.
 
===Modernisearring===
14.392

bewurkings