Bonifatiustsjerke (Medemblik): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 72:
Yn de toer hingje trije iuwenâlde liedklokken. De swierste klok fan 4,239 ton en in trochsneed fan 1875 mm is yn 1649 getten troch Pieter en François Hemony yn Sutfen en draacht it râneskrift ''Extensis urbis Medemlecae moeniis civiumque accrescente frequentia ex decreto magistratus. anno domini MDCXLIX in hanc formam me redegunt F. et P. Hemony. Zutphaniae''. De twadde klok is 2,256 ton swier en hat in trochsneed fan 1503 mm. De twadde klok is ek yn 1649 getten troch Pieter en François Hemony en draacht it râneskrift ''Laudate Dominum cymbalis bene sonantibus F. et P. Hemony me fec. Zutphaniae ao 1649''. Ien fan de Hemony-klokken skuorde nei 1998 en is dêrnei laske.
 
De tredde klok is in nei [[Petrus (apostel)|Sint-Piter]] ferneamde klok. De klok wie in klok foar in poarte út 1406, mar waard yn 1636 op 'e nij getten troch Everhardus Splinter by de Noarderpoarte yn Inkhuzen. De klok is 1,136 ton swier, hat in trochsneed fan 1253 mm en it opskrift ''SUNTE PIETER IS MIN NAEM, TOT GODES DIENST BEN ICK BEQUAEM, DEN LEVENDEN ROEP ICK, DEN DODEN OVER LUIDE ICK, ANNO 1636''. Oan beide kanten steane ôfbylden fan Sint-Piter mei dêrûnder de tekst ''EVERHARDUS SPLINTER ME FECIT ENCHUSAE''.
 
Sûnt 1998 hinget yn de lantearne in karriljon fan Petit & Fritsen dat út 14 klokken bestiet.