Bond girl: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]] oars
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 222:
 
==Effekt op karriêres==
De rol fan Bond girl is ornaris in tige opfallende rol foar in [[aktrise]], mei't [[James Bond (filmsearje)|''James Bond''-films]] in protte oandacht krije. Sadwaande kin sa'n rol foar aktrises dy't noch net botte bekend binne in wichtige ympuls oan harren [[karriêre]] jaan. It is lykwols ek ferskate kearen foarkommen dat der in aktrise as Bond girl [[cast]] waard, dy't op dat stuit al bekend wie. [[Diana Rigg]] en [[Honor Blackman]], bygelyks, waarden beiden cast as Bond girls nei't se yn it [[Feriene Keninkryk]] al stjerren wurden wiene mei de tige populêre [[tillefyzjesearje]] ''[[The Avengers (tillefyzjesearje)|The Avengers]]'' (yn [[Nederlân]] doedestiden útstjoerd as ''De Wrekers''). En [[Halle Berry]] wûn de [[Oscar]] foar bêste aktrise yn itselde jier ([[2002]]) dat ''[[Die Another Day (film)|Die Another Day]]'' útkaam, de film wêryn't sy in rol as Bond girl hie.
 
Ek [[Teri Hatcher]] wie al bekend fan har rol as [[Lois Lane (personaazje)|Lois Lane]] yn 'e tillefyzjesearje ''[[Lois & Clark: The New Adventures of Superman]]'', foar't se yn ''[[Tomorrow Never Dies (film)|Tomorrow Never Dies]]'' as Bond girl cast waard. [[Jane Seymour (aktrise)|Jane Seymour]], oan 'e oare kant, wie folslein ûnbekend doe't se yn [[1973]] de Bond girl spile njonken [[Roger Moore]]'s fertolking fan James Bond yn ''[[Live and Let Die (film)|Live and Let Die]]''. (Yn 'e [[begjintitels]] fan dy film stiet sels ''Introducing Jane Seymour''.) Neitiid wûn se in [[Emmy Award]] foar har rol as [[opera]]sjongster [[Maria Callas]] yn in [[tillefyzjefilm]] en úteinlik waard se oer de hiele wrâld húsriem mei de langrinnende tillefyzjesearje ''[[Dr. Quinn, Medicine Woman]]''. It grutste súkses nei in rol as Bond girl hie wierskynlik [[Kim Basinger]], dy't nei har trochbraak njonken [[Sean Connery]] yn ''[[Never Say Never Again (film)|Never Say Never Again]]'' in karriêre yn 'e [[filmyndustry]] fan [[Hollywood]] opboude dy't ta in hichtepunt kaam mei har Oscar foar bêste aktrise foar har rol yn ''[[L.A. Confidential (film)|L.A. Confidential]]''.