James Bond: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]] oars
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 175:
==Besibbe personaazjes==
Oare bekende [[personaazje]]s út 'e boeken en films oer James Bond binne [[M (James Bond)|M]], de sjef fan 'e Britske ynljochtingetsjinst [[MI6]] (en Bond syn baas), syn (of har) [[sekretaresse]] [[Miss Moneypenny]], dy't [[smoarfereale]] is op Bond, en [[Q (James Bond)|Q]], in geniale [[útfiner]] yn 'e tsjinst fan MI6 dy't ferantwurdlik is foar alle technyske snufkes dêr't Bond gebrûk fan makket om syn aventoeren te oerlibjen. Fierders komt ek de mei Bond [[freonskip|befreone]] Amerikaanske [[CIA]]-[[spesjaal agint|agint]] [[Felix Leiter]] yn ferskate boeken en films foar.
[[File:RosamundPike10TIFF.jpg|right|thumb|180px|[[Rosamund Pike]], de Bond girl út ''[[Die Another Day (film)|Die Another Day]]'' ([[2002]]).]]
 
De [[manlik]]e [[antagonist|smjunten]] tsjin wa't Bond it opnimme moat, binne faak ekstreme [[psychopaat|psychopaten]], mei trewanten mei bysûndere fermogens, hoewol't er ek geregeldwei [[skientme|kreaze]] [[froulik]]e tsjinstanners op syn paad fynt, dy't him ornaris besykje te [[ferlieding|ferlieden]]. Dêrnjonken wurket Bond faak gear mei in like kreaze froulike meistanner, wylst der ek net selden froulike personaazjes yn 'e films foarkomme dy't harren moeting mei Bond letter troch omstannichheden mei de [[dea]] bekeapje moatte. Sokke kreaze froulike personaazjes om James Bond hinne wurde oantsjut as [[Bond girl]]s. Yn iere ''James Bond''-films hiene se faak [[wurdboarterij|dûbelsinnige]] nammen, lykas Honey Ryder, Pussy Galore, Plenty O'Toole, Xenia Onatopp of Holly Goodhead. Foar de [[aktrise]]s dy't sa'n rol spylje, betsjut it faak it begjin fan in grutte opgong yn 'e filmwrâld.