Wyn (waar): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
tekst by plaatsje
oanfolling
Rigel 1:
{{stobbe}}
[[File:Pieter_Kluyver_-_Boom_in_stormwind.jpg|thumb|''Beam yn stoarmwyn''<br>Pieter Kluyver (1816–1900)]]
[[File:Wind speed and direction instrument - NOAA.jpg|thumb|In wynmjitter]]
'''Wyn''' is it bewegen (ferpleatsen) fan [[loft]]. De loftbeweging ûntstiet troch drukferskillen yn de [[atmosfear]] en wurdt fierder beynfloede troch deit draaiïngdraaien fan de ierde en deit wriuwingwriuwen mei it ierdoerflak.
 
De wyn kin tige ferskille yn faasje. As de wyn hommels en fluch tanimt, wurdt der sprutsen fan in [[wynpûster]]. De wynfaasje wurdt oanjûn neffens de [[skaal fan Beaufort]] yn m/s of yn km/o. Yn de loftfeart wurdt de wynfaasje oanjûn yn [[Knoop (faasje)|knopen]]. De wynfaasje hat in grutte ynfloed op de [[gefoelstemperatuer]].
 
== Untstean ==
Troch ferskillen yn 'e luchtdruk komt der in luchtstreaming op gong fan it [[hegedrukgebiet]] nei it [[legedrukgebiet]]. De rjochting fan de wyn wurdt bepaald troch it draaien fan de ierde en it wriuwen mei it ierdoerflak.
 
Sa gau't de lucht yn beweging komt sil dy ynearsten rjocht fan it hegedrukgebiet nei it legedrukgebiet streame, leadrjocht op de [[isobaar (meteorology)|isobaren]]. Under ynfloed fan de [[corioliskrêft]] sil der neffens de [[Wet fan Buys Ballot]] op it noardlik healrûn in gong nei rjochts makke wurde, leadrjocht op de bewgingsrjochting. De baan fan de hoemannichte lucht bûgd dêrtroch nei rjochts ta. As de wynrjochting lang om let lykop rint mei de isobaren, is de coroliskrêft lyk oan de druk.
 
== Wynmjittings ==
De wyn wurdt metten mei in [[wynmjitter]] of in ''anemometer''. Dat ynstrumint waard yn [[1846]] troch de Ierske astronoom Thomas Romney Robinson (1792-1882) yntrodusearre. De wynrjochting boppe lân wurdt oanjûn troch in wynwizer of waaier. Wynmjitters wurde ornaris yn iepen geaen op in hichte fan tsien meter pleatst. Yn in folboud lân lykas [[Nederlân]] steane se wol tweintich meter heech. Mei formulen wurdt de mjitting omrekkene nei tsien meter hichte, sa't de gegevens te ferlykjen binne. It wynmjitten is yn de rin fan d ejierren feroare sa't it dreech is wyngegevens út de earste helte fan de tweintichste iuw te ferlykjen. Hjoed-de-dei jouwe automatyske waarstasjons oanienwei digitale ynformaasje oer de wyn. It [[KNMY]] dêrtroch krekt fêststelle hoe hurd it waaid hat. De wyn wurdt fêststeld oer perioaden fan tsien minuten. As der yn in waarberjoct sprutsen wurdt oer wynkrêft 8, dan wurdt der ferwachte dat de trochsneed wynfaasje yn tsien minuten tusken 17,2 en 20,7 m/s (62-74 km/o) leit. Sa heart by elts fan de trettjin klassenûmers neffens de [[skaal fan Beaufort]] in trochsneed faasje. Yn de skipfeart wurdt der wurke mei knopen: ien knoop is lyk oan 0,5144 m/s. Geevens dy't foarearst neamd wurde, moatte bytiden letter wolris bysteld wurde. As der in [[wynpûster]] tige ôfwykt fan de trochsneed faasje, wurdt de wearde as fertocht oanmurken en fierder ûndersocht.
 
Foar klimatologyske statistiken en it ferlykjen fan stoarmen wurdt der gebrûk makke fan in trochsneed yn in oere. Klimatologen sprekke fan in [[swiere stoarm]] as de wynfaasje earne boppe lân it trochsneed yn in oere hellet fan wynkrêft 10 (24,5-28,4 m/s = 89-102 km/o). As de wynfaasje yn in oere trochsneed tusken 28,5 en 32,6 m/s (103-117 km/o), wurdt de stoarm efternei fêststeld as in tige swiere stoarm of orkaaneftich en boppe 32,6 m/s (118 km/o) as [[orkaan]]. Wyn is suver te ferlykjen mei wetter: it streamt fan in hegedrukgebiet nei in legedrukgebiet. Troch it draaien fan de ierde giet de wyn oer allegear omwegen nei dat legedrukgebiet.
 
 
 
{{DEFAULTSORT:Win}}