Wyn (waar): ferskil tusken ferzjes

1.145 bytes grutter ,  8 moannen lyn
oanfolling
(oanfolling)
(oanfolling)
[[File:Pieter_Kluyver_-_Boom_in_stormwind.jpg|thumb|''Beam yn stoarmwyn''<br>Pieter Kluyver (1816–1900)]]
[[Ofbyld:Cherry tree moving in the wind 1.gif|thumb|In kersebeam mei in wyn fan 22 m/s (79 km/o)]]
[[File:Wind speed and direction instrument - NOAA.jpg|thumb|In wynmjitter]]
'''Wyn''' is it bewegen (ferpleatsen) fan [[loft]]. De loftbeweging ûntstiet troch drukferskillen yn de [[atmosfear]] en wurdt fierder beynfloede troch it draaien fan de ierde en it wriuwen mei it ierdoerflak.
 
 
== Wynmjittings ==
[[FileOfbyld:Wind speed and direction instrument - NOAA.jpg|thumb|In wynmjitter]]
De wyn wurdt metten mei in [[wynmjitter]] of in ''anemometer''. Dat ynstrumint waard yn [[1846]] troch de Ierske astronoom Thomas Romney Robinson (1792-1882) yntrodusearre. De wynrjochting boppe lân wurdt oanjûn troch in wynwizer of waaier. Wynmjitters wurde ornaris yn iepen geaen op in hichte fan tsien meter pleatst. Yn in folboud lân lykas [[Nederlân]] steane se wol tweintich meter heech. Mei formulen wurdt de mjitting omrekkene nei tsien meter hichte, sa't de gegevens te ferlykjen binne. It wynmjitten is yn de rin fan dde ejierrenjierren feroare sa't it dreech is om mei wyngegevens út de earste helte fan de tweintichste iuw te ferlykjen. Hjoed-de-dei jouwe automatyske waarstasjons oanienwei digitale ynformaasje oer de wyn. It [[KNMY]] kin dêrtroch krekt fêststelle hoe hurd it waaid hat. De wyn wurdt fêststeld oer perioaden fan tsien minuten. As der yn in waarberjoctwaarberjocht sprutsen wurdt oer wynkrêft 8, dan wurdt der ferwachte dat de trochsneed wynfaasje yn tsien minuten tusken 17,2 en 20,7 m/s (62-74 km/o) leit. Sa heart by elts fan de trettjin klassenûmers neffens de [[skaal fan Beaufort]] in trochsneed faasje. Yn de skipfeart wurdt der wurke mei knopen: ien knoop is lyk oan 0,5144 m/s. Geevens dy't foarearst neamd wurde, moatte bytiden letter wolris bysteld wurde. As der in [[wynpûster]] tige ôfwykt fan de trochsneed faasje, wurdt de wearde as fertocht oanmurken en fierder ûndersocht.
 
Foar klimatologyske statistiken en it ferlykjen fan stoarmen wurdt der gebrûk makke fan in trochsneed yn in oere. Klimatologen sprekke fan in [[swiere stoarm]] as de wynfaasje earne boppe lân it trochsneed yn in oere hellet fan wynkrêft 10 (24,5-28,4 m/s = 89-102 km/o). As de wynfaasje yn in oere trochsneed tusken 28,5 en 32,6 m/s (103-117 km/o), wurdt de stoarm efternei fêststeld as in tige swiere stoarm of orkaaneftich en boppe 32,6 m/s (118 km/o) as [[orkaan]]. Wyn is suver te ferlykjen mei wetter: it streamt fan in hegedrukgebiet nei in legedrukgebiet. Troch it draaien fan de ierde giet de wyn oer allegear omwegen nei dat legedrukgebiet.
 
== Wynrjochting ==
De begripen noard, súd, east en west hingje gear mei it draaien fan de ierde en de lizzing fan de [[Noardpoal|Noard-]] en [[Súdpoal]]. It wichtichste brûken fan dy "wynstreken" is fanâlds om oan te tsjutten út hokker rjochting de wyn waait. Dêrom hjit it part fan it kompas dêr't de rjochting op ôflêzen wurdt, in "wynroas".
 
It feroarjen fan de wynrjochting betsjut faak in feroaring fan it waar. Benammen yn Fryslân makket it tige út of de wyn waait fan it drûge fêstelân fan Jeropa ôf of fan de fochtige [[Noardsee]] ôf. In legedrukgebiet dat in weste-, súdweste- of noardwestewyn mei him meibringt, sil gauris rein mei him meibringe. Komt de wyn yn 'e winter út in legedrukgebiet yn it noarden of noardeasten, dan komt der gauris [[snie]]. Easte-, súdeaste- en sudewyn binne drûge, yn de simmer hjitte, yn de winter kâlde wyn. Sudewyn bringt gauris waarme lucht út Súd-Jeropa mei, wylst in noardewyn kâldere poallucht meibringt.
 
{{Boarnen|boarnefernijing=
* Webside fan it [[KNMY]]
}}
 
{{DEFAULTSORT:Win}}
7.294

bewurkings