Midfryske literatuer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
L fl (kreas wurk oars)
Rigel 20:
 
==De lette 18e iuw (1720-1800)==
Yn it Frjentsjerter gesin Althuysen waard de leafde foar de Fryske skriuwerij fan heit op soan trochjûn. Simen Althuysen (1690-nei 1757) skreau in soad gelegenheidsdichten en fragminten op út it libben fan de steedhâlder en syn kunde. Syn soan Jan Althuysen (1715-1763) skreau ek gelegenheidsdichten. Heit en soan hawwe de psalmberiming fan Gysbert Japiks ôfmakke. Se folgen de doe gongbere beriming fan de psalms fan Datheen sa't dy doe yn tsjerke songen waarden. Doe't it klear wie, is yn 1755 in bondel fan gedichten, mei as titel ''Fryske Rymlerije'' fan de beide Althuysens en fan Gysbert Japiks útkommen. Dêroan tafoege harren beriming fan de 100 psalms mei as titel David my dy oare lofsangen.<ref>Biografy [https://www.sirkwy.frl/index.php/skriuwers-biografyen/16-a/1596-althuysen-simen Simen Althuysen[] op sirkwy.frl (lêst sjoen op 21 jan. 2022)</ref>
 
[[Durk Lenige]] ([[1722]] - [[1798]]) hat yn it tiidrek 1771-1792 sawol yn it Nederlânsk as yn it Frysk skreaun. Syn wurk bestiet út in ferskaat oan gelegenheidsrimen, natoergedichten en hardersfersen. Hy wie de earste dy't de sonnetfoarm brûkte yn Fryslân.