Isaac Newton: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
→‎Syn dea: [[]] better
Rigel 42:
== Syn dea ==
[[Ofbyld:Isaac Newton grave in Westminster Abbey.jpg|thumb|200px|right|It grêf fan Newton yn [[Westminster Abbey]] yn [[Londen]]]]
Yn 1703 waard Newton foardroegen as presidint fan de Royal Society. Oant syn dea yn 1727 soe hy dizze funksje hâlde. Yn 1708 waard hy troch [[keninginAnne fan Grut-Brittanje|keninginne Anne]] riddere.
Flak foar syn dea yn 1727 skreau Newton: ’ik wit net hokfoar byld de wrâld fan my hawwe sil, mar yn myn eigen eagen bin in allinnich in jonkje west dat boartet op it strân en sa en no en dan de wille hân hat dat hy noch in glêder stientsje fûn hat of noch in moaiere skulp sjoen hat. En dat wylst de grutte oseaan fan de wierheid noch ûnûntdutsen foar him leit’. Newton wie gjin maklik minsk. Hy waard troch syn betsjinner beskreaun as ien dy’t nea oan ûntspanning die, nea nei bûten ta gie foar frisse loft, nea te rinnen gie of wat dan ek, hy miende dat alle oeren dy’t hy net oan syn stúdzje bestege, ferlerne oeren wienen.