Ramtferhaal: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L noch wat
 
Rigel 1:
In '''ramtferhaal''' of '''ramtfertelling''' is in [[narratology|narrative]] technyk wêrby't in beskaat [[ferhaal]] de omlisting foarmet foar ien of mear oare ferhalen. Yn it ramtferhaal wurdt dan de fertelling fan dy oare ferhalen taret of fan kontekst foarsjoen. It ramtferhaal kin poer in [[ynlieding|ynliedend]] (en oan 'e ein fan it wurk ek wer "útliedend") karakter hawwe, mar it is ek mooglik dat it ramtferhaal eins it wichtichste diel fan it [[fiksje]]wurk is, wylst it [[ferhaal yn in ferhaal|ferhaal-yn-it-ferhaal]] mar in bykomstichheid is. Troch de technyk fan it ramtferhaal kin in [[skriuwer]] of in [[regisseur]] de lêzer of sjogger ynformearje oer saken oangeande it ferhaal-yn-it-ferhaal dy't oars dreech te begripen wêze soene. Yn films kinne op dizze wize ek net botte ynteressante omstannichheden, dy't oars wiidweidich mei bylden útlein wurde moatte soene, mei in pear sinnen [[tekst]] oerbrocht wurde. Gauris giet it by it ferhaal-yn-it-ferhaal om in [[flashback]].
 
Foarbylden fan bekende [[literêr]]e wurken mei in ramtferhaal binne de [[Arabysk]]e [[mearke]]s fan ''[[Tûzen-en-ien Nacht]]'', de [[ferhalebondel]] ''[[The Canterbury Tales]]'' fan [[Geoffrey Chaucer]] (ein [[14e iuw]]), it [[toanielstik]] ''[[Faust (toanielstik fan Johann Wolfgang von Goethe)|Faust]]'' fan [[Johann Wolfgang von Goethe]] ([[1790]]), en de [[roman]]s ''[[Wuthering Heights (roman)|Wuthering Heights]]'' fan [[Emily Brontë]] ([[1847]]), ''[[Max Havelaar (roman)|Max Havelaar]]'' fan [[Multatuli]] ([[1860]]) en ''[[Heart of Darkness (roman)|Heart of Darkness]]'' fan [[Joseph Conrad]] ([[1899]]). Foarbylden fan bekende [[film]]s mei in ramtferhaal binne ''[[Doctor Zhivago (film)|Doctor Zhivago]]'' ([[1965]]), ''[[The Princess Bride (film)|The Princess Bride]]'' ([[1987]]) en ''[[Braveheart (film út 1995)|Braveheart]]'' ([[1995]]).